Sân Susters
From Wikipedy
De Sân Susters (Russysk: "wisotky") binne in groep Stalinistysk-gotyske wolkeskrabbers boud tidens it regear fan Stalin yn Moskou. Yn de arsjitektuer sitte eleminten fan de midsieuske Gotyk en fan de barokke Kremlyntourren. De boustyl fan de Amerikaanske "skyscrapers" út de jierren 30 fan de foarrige ieu is ek te werkennen.
De Sân Susters:
- It haadgebou fan de Steatsuniversiteit fan Moskou
- In appartemintengebou oan de Kotelnichskaja Naberezjnaja
- In appartemintengebou oan it Kûdrinskajaplein
- Hotel "Ukrainë"
- Hotel "Leningrad"
- It Ministearje fan Utlânske Saken
- It Ministearje fan Swiere Yndustry
De grutste toer bûten de Sowjetuny, dy't wat styl en ôfmjittings oanbelanget net ûnderdocht by de sân, is it Paleis fan Kultuer en Wittenskippen yn Warsjau, Poalen.
Yn 2003 waard it Triumph-Palace oplevere, nei it skynt it heechste gebou yn Jeropa. It wurdt beskôge as de achtste suster.