Poalen
From Wikipedy
|
Poalen is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Warsjau en de presidint fan de republyk is sûnt 2005 Lech Kaczyński.
Poalen wurdt begrinzge troch:
- de Eastsee en de Russyske eksklave Kaliningrad yn it noarden;
- Litouwen yn it noardeasten;
- Wyt-Ruslân yn it easten;
- Oekraïne yn it súdeasten;
- Slowakije yn it súden;
- Tsjechje yn it súdwesten;
- Dútslân yn it westen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Nei de Earste Wrâldkriich waard yn 1918 in nij Poalen stifte, dat syn ûnôfhinkelikens tsjin de Sowjetuny oer súksesfol ferdigen yn de Poalsk-Russyske Oarloch fan 1920-1921. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard it lân dield tusken Nazy-Dútslân en de Sowjetuny. De Twadde Wrâldkriich waard in ramp foar Poalen, wêrby 20% fan 'e befolking ferstoar en it lân swier troffen waard. Nei de oarloch waarden de east- en westgrins nei it westen ta ferskood, mei in grutte twongen folksferhúzing as gefolch. Mear noch as oare lannen dy't troch de Sowjetuny op Dútslân ferovere wienen, kaam Poalen ûnder direkte ynfloed fan 'e Sowjetuny.
Yn 1980 kaam it ta arbeidersûnrêst yn Gdansk troch de frije fakbûn Solidariteit mei Lech Walesa as lieder. Yn augustus 1989 wûn dizze bûn de ferkiezings, de earste frije ferkiezings efter it [Yzeren Gordyn]. Tenei stoarte alle oare kommunistyske rezjiems fan 'e oare Midden- en East-Jeropeeske lânnen yn, mei as symboalysk hichtepunt de fal fan'e Berlynske Muorre.
[bewurkje seksje] Ynternasjonale gearwurking
Sûnt de oprjochting op 24 oktober 1945 is Poalen al lid fan de Feriene Naasjes, en fan 14 maaie 1955 oant 1991 wie Poalen ek stiftend lid fan it Warsjaupakt. Mar sûnt 1999 is it lân lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 29 novimber 1991 fan de Rie fan Jeropa. Poalen is sûnt 1 maaie 2004 lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.
[bewurkje seksje] Geografy
stêdekloft | provinsje | tal ynwenners (2005) | |
---|---|---|---|
1 | Katowice | Sileesje | 3.487.000 |
2 | Warsjau (Warszawa) | Masoovje | 2.679.000 |
3 | Krakau (Kraków) | Lyts Poalen | 1.400.000 |
4 | Lodz (Łódź) | Lodz | 1.300.000 |
5 | Trijstêd (Trójmiasto) | Pommeren | 1.100.000 |
De trijestêd is de stêdekloft fan Gdansk, Sopot en Gdynia.
stêd | tal ynwenners (2004) | |
---|---|---|
1 | Warsjau (Warszawa) | 1.692.854 |
2 | Lodz (Łódź) | 774.004 |
3 | Krakau (Kraków) | 757.430 |
4 | Wroklaw (Wrocław) | 636.268 |
5 | Poznan (Poznań) | 570.778 |
6 | Gdansk (Gdańsk) | 459.072 |
7 | Stettin (Szczecin) | 411.900 |
8 | Bromberg (Bydgoszcz) | 368.235 |
9 | Lublin | 355.998 |
10 | Katowice | 319.904 |
[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings
- Offisjele webside fan it Poalske Regear Ingelsk
- Offisjele Poalenportaal Ingelsk