Skûtsjesilen
From Wikipedy
It skûtsjesilen is it hurdsilen mei skûtsjes, spesjaal de wedstriden dy't útskreaun wurde troch de SKS en de IFKS.
Al yn de 19e ieu waard der Skûtsjesilen hâlden. lykas yn 1820 yn Snits. Yn dy tiid waard der fral syld as de boeren gjin fracht hiene en de skippers op dy wize faaks in jildpriis fertsjinje koenen. It wienen faak kastleins dy't in wedstriid útskreaunen, bygelyks as der merke wie, sadat nei ôfrin de priisútrikking yn it kafee hâlden wurde koe. Mar yn de twadde helte fan de ieu kamen der klubs dy't it silen organisearren. Doe kaam ek it idee fan amateursport op, dat der waarden hast gjin wedstriden mear om jild útskreaun. Om't de skippers dan de tiid net misse koenen begûn it tal fan meidoggers werom te rinnen.
Doe't yn de earste helte fan de 20e ieu de frachtfeart motorisearre rekke, begûn ek it tal skûtsjes werom te rinnen. Yn de oarloch wie der al wer mear te dwaan foar skûtsjeskippers, om't der te min brânstof wie. Sa kaam der wer mear silerij en mei dêrtroch waard yn 1945 in Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) oprjochte.
Mar wêr it tal fan wedstriidkommisjes woeks nei de oarloch, rûn it tal fan skûtsjes werom. It wie yn de jierren fiiftich net mear goed mooglik foar in beropsskipper en hâld in skûtsje yn 'e feart. Dêrom binne der doe stiftings kaam dy't foar harren rekken in skûtsje oan it Skûtsjesilen dielnimme lieten. Sa is it hjoeddeiske SKS kampioenskip ûntstien, mei skûtsjes dy't útkomme foar in stêd of doarp.
Yn de santiger en tachtiger jierren die bliken dat it al wer moochlik wie foar ien eigner en besit in eigen skûtsje. Om't dizze skûtsjes net pasten yn it stramyn fan de SKS, hawwe harren skippers in eigen organisaasje opset, dy't de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) útskriuwt. Op dy manier binne der no yn Fryslân twa kampioenskippen Skûtsjesilen.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Om priis en eare. Utslaggen fan it skûtsjesilen., G. Blom 2004, ISBN: 90 6171 601 2.