Sintrale Kommisje Skûtsjesilen
From Wikipedy
De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) is op 22 july 1945 oprjochte as Feriening fan Skûtsjesilers -kommisjes yn Fryslân. Yn 1946 is de namme feroare ta "Sintrale Kommisje Skûtsjesilen". It is de sintrale organisaasje foar de ûnderskate pleatslike kommisjes skûtsjesilen, dy't foar de oarloch al opset wienen, en de skûtsjesilers en de eignerkommisjes.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kampioenskip
De kommisje organisearret it kampioenskip SKS, dat basearre is op it skûtsjesilen fan de alve pleatslike kommisjes, dat yn fjirtsjin dagen tiid hâlden wurdt.
plak | dei |
---|---|
Grou | sneon |
snein | |
De Feanhoop / Drachten | moandei |
Earnewâld | tiisdei |
Terherne | woansdei |
Langwar | tongersdei |
freed | |
Starum | sneon |
snein | |
Wâldsein | moandei |
Ealahuzen | tiisdei |
De Lemmer | woansdei |
De Lemmer | tongersdei |
Snitser Mar | freed |
[bewurkje seksje] Skûtsjes
Yn 1979 hat de SKS it beslút naam net mear as fjirtsjin skûtsjes ta it kampioenskip ta te litten. Sûnt dy tiid silet der in fêste groep fan eigners, meast kommisjes, mei yn it kampioenskip, mar net altyd mei itselde skûtsje. Skûtsjes mei jierren SKS-histoarje wurde soms ferfongen troch oare, faaks better silende skippen. Fansels krije dy nije skûtsjes al wer it seilteken fan de eigner yn it seil, en ek wurdt faak de namme fan it eardere skûtsje oernaam. Op it stuit sile dizze skûtsjes mei om it kampioenskip SKS:
Namme | Túsplak | Sûnt | Titels | Seilteken |
---|---|---|---|---|
Gerben van Manen | It Hearrenfean | 1961 | 15 | "H" |
Doarp Grou | Grou | 1957 | 10 | "G" |
Twee Gebroeders | Langwar | 1945 | 6 | Swan |
Sneker Pan | Snits | 1962 | 6 | Wetterpoarte |
Lemster Skûtsje | De Lemmer | 1963 | 3 | "L" |
Bolsward | Boalsert | 1965 | 3 | "B EM" |
Klaas van der Meulen | Wâldsein | 1965 | 3 | "W" |
It Doarp Huzum | Huzum | 1968 | 2 | "LM" |
Rienk Ulbesz | Ljouwert | 1992 | 2 | Liuw |
Twee Gebroeders | Drachten | 1954 | 0 | "D" |
Oeral Thús | De Jouwer | 1988 | 0 | "J" |
d' Halve Maen | Drachten | 2001 | 0 | Healmoanne |
Súdwesthoek | Starum | 2003 | 0 | "SWH" |
Twee Gebroeders | Earnewâld | 2006 | 0 | "E" |
[bewurkje seksje] Telling
De Skûtsjes krije punten foar it plak dêr't se op binnenkomme: twa foar it twadde plak, trije foar it tredde plak, fjouwer foar it fjirde plak, ensfh.. Allinnich foar it earste plak krijt it skûtsje krekt wat minder: 0,9 punten foar it earste plak. Nei de lêste wedstriid wurde alle punten fan in skûtsje byelkoarteld, wêrby de minste wedstryd weilitten wurdt. Wa't dan it leechste oantal punten hat krijt it Sulveren Skûtsje en de blauwe kampioenswimpel.
[bewurkje seksje] Kampioenen
- 2006 - Pieter Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 2005 - Douwe A. Visser, Doarp Grou
- 2004 - Eldert Sietes Meeter, Bolsward
- 2003 - Douwe J. Visser, Sneker Pan
- 2002 - Douwe J. Visser, Sneker Pan
- 2001 - Berend Joops Mink, Doarp Grou
- 2000 - Berend Joops Mink, Doarp Grou
- 1999 - Ulbe Rienks Zwaga, Rienk Ulbes
- 1998 - Ulbe Rienks Zwaga, Rienk Ulbes
- 1997 - Tjitte Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 1996 - Douwe J. Visser, Sneker Pan
- 1995 - Douwe J. Visser, Sneker Pan
- 1994 - Tjitte Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 1993 - Tjitte Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 1992 - Tjitte Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 1991 - Teake Klaas van der Meulen, Klaas van der Meulen
- 1990 - Tjitte Sietses Brouwer, Gerben van Manen
- 1989 - Teake Klaas van der Meulen, Klaas van der Meulen
- 1988 - Jelle Reyenga, Lemster Skûtsje
- 1987 - Siete Meeter, Bolsward
- 1986 - Jelle Reyenga, Lemster Skûtsje
- 1985 - Keimpe van der Meulen, Klaas van der Meulen
- 1984 - Jan van Akker, Sneker Pan
- 1983 - Jeen Ulbes Zwaga, Emanuel
- 1982 - Jeen Ulbes Zwaga, Emanuel
- 1981 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1980 - Lammert Ulbes Zwaga, Twee Gebroeders (Swan)
- 1979 - Rienk Ulbes Zwaga, Súdwesthoek (1)
- 1978 - Siete Meeter, Bolsward
- 1977 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1976 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1975 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1974 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1973 - Jan van Akker, Sneker Pan
- 1972 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1971 - Lodewijk Meeter, It Doarp Huzum
- 1970 - Lodewijk Meeter, It Doarp Huzum
- 1969 - Rienk Ulbesz Zwaga, Twee Gebroeders (Swan)
- 1968 - Tjitte Lammerts Brouwer, Gerben van Manen
- 1967 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1966 - Rintje Ritsma, Lemster Skûtsje
- 1965 - Siep van Terwisga, Gerben van Manen
- 1964 - Siep van Terwisga, Gerben van Manen
- 1963 - Siep van Terwisga, Gerben van Manen
- 1962 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1961 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1960 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1959 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1958 - Ulbe Zwaga, Doarp Grou
- 1957 - Berend Mink, De Nijverheid
- 1956 - Berend Mink, De Nijverheid
- 1955 - Jan van Akker, Twee Gebroeders (Van Akker).
- 1954 - Klaas van der Meulen, Twee Gebroeders (Salverda)
- 1953 - Tjitte Brouwer, Jonge Jan
- 1952 - Jan Sytema, Jonge jan
- 1951 - Klaas van der Meulen, Twee Gebroeders (Salverda)
- 1950 - Ulbe Zwaga, Twee Gebroeders (Zwaga)
- 1949 - Ulbe Zwaga, Twee Gebroeders (Zwaga)
- 1948 - Ulbe Zwaga, Twee Gebroeders (Zwaga)
- 1947 - Klaas van der Meulen, Twee Gebroeders (Salverda)
- 1946 - Ulbe Zwaga, Twee Gebroeders (Zwaga)
- 1945 - Klaas van der Meulen, Twee Gebroeders (Salverda)