Slach oan de Boarn
From Wikipedy
De Slach oan de Boarn fûn plak yn 734 tusken in Frysk leger laat troch kening Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Fryske kening waard ferslein en dêrtroch waard, nei Fryslân westlik fan it Fly, doe ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich.
It krekte plak fan de slach is net wis, mar it wurdt meast situearre by de mûning fan Boarn yn de Middelsee, yn de omkriten dêr't no Jirnsum leit. De slach hjit dêrom ek wol de "Slach oan de Bordine" of de "Slach by Jirnsum".
[bewurkje seksje] Eftergrûn
It Fryske Ryk hie ûnder de foargonger fan Poppo, kening Redbad syn grutste útwreiding berikt. Redbad hie tankber gebrûk makke fan de swakkens fan it Frankyske ryk nei de dea fan hofmeijer Pippyn II yn 715 en syn legers koenen de Franken maklik ferslaan. De Friezen brochten alle eardere Fryske gebieten binnen it ryk en stienen sels mei in leger foar de poarte fan de haadstêd fan de Franken, Keulen. Under Karel Martel kaam der in ein oan 'e sleauwens fan de Franken en sy begûnen mei it werom winnen fan de ferlerne gebieten. Ek de Fryske kening Poppo moast der oan leauwe yn 733 doe't de Franken in fjildtocht hâlde tsjin de Friezen. It leger fan de Friezen waard tebek slein nei Eastergoa, dêr't de lêste slach plak fûn yn 734 oan de Boarne. Karel stiek in float mei in leger oan board de Aelmere oer om de Boarn op te farren. De Friezen waarden yn de slach ferslein en harren oanfierder Poppo skeat it libber derby in. De Franken sloechen oan it plonderje en stieken de heidense hillichdommen yn 'e bran. Mei in grutte bút foer Karel Martel mei syn float werom, de macht fan de Friezen wie brutsen.
[bewurkje seksje] Gefolch
It ferliezen fan dizze slach soe grutte gefolchens hawwe foar de Friezen. Der kaam in ein oan'e selstannichens fan it Fryske Ryk. It Fryske gebiet westlik fan de Lauwers waard troch de Franken beset en tafoege oan it Frankyske ryk. Allinich it gebiet eastlik fan de Lauwers koe harren selstannigens noch behâlde oan't 772, doe't de Frankyske kening Karel de Grutte dêr lang om let in ein oan makke.
[bewurkje seksje] Boarn
- Fredegar, Liber Historiae Francorum.