Spoar fan Ljouwert nei Eanjum
From Wikipedy
It spoar fan Ljouwert nei Eanjum wie in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan sa'n 46 km en wie ferneamd ûnder de namme it Dokkumer Lokaeltsje .
[bewurkje seksje] Stasjons en haltes
- Ljouwert
- Stiens
- Hallum
- Marrum-Westernijtsjerk
- Ferwert
- Blije
- Holwert
- Ternaard
- Dokkum-Ealsum
- Mitselwier
- Eanjum
[bewurkje seksje] Skiednis
It spoar fan Ljouwert nei Eanjum waard oanlein troch de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij dy't oprjochte waard op 31 maaie 1899. It spoar is yn trije parten yn gebrûk naam:
- Ljouwert - Ferwert (22 april 1901)
- Ferwert - Mitselwier (2 oktober 1901)
- Mitselwier -Eanjum (28 augustus 1913)
It tal reizgers hat nea grut west en mei it reizgersferfier waard ek al op 1 july 1936 ophâlden. Mei it frachtferfier wie mear te fertsjinjen en dat hat dan ek noch in skoft langer trochset. Mar yn 1998 is ek it lêste frachtferfier, op it trajekt Ljouwert-Stiens, stoppe.