Vasco da Gama
From Wikipedy
Vasco da Gama, Sines(Portegal), 1469 – Cohin (Yndia), 24 desimber 1524 wie in portugeeske ûntdekkingsreizger, en de lieder fan de earste ekspedysje fan Portegal nei Yndie.
Da Gama waard om 1469 hinne berne yn Sinis yn Portegal. Hy wie de tredde soan fan Estevao da Gama, dy't in ealman wie en ek de kommandant wie fan it Fort fan Sines. Fan de jeugd fan Da Gama is net folle wis. Men tinkt dat hy wiskunde, astronomy en navigaasje studearre hat yn Evoro. Yn 1492 waard er in marine-offisier. Da Gama focht ek in oarloggen yn Kastylje. Yn 1488 hie Bartolomeus Diaz de súdlike punt fan Afrika berikt. Fan dy tiid ôf hienen de Portugeeske ûntdekkingsreizgers belangryk west. Spanje, harren rivaal op see, hie Kolumbus oer de Atlantyske Oseaan stjoerd. Dit fergrutte Portegals entûsjasme en de Portugezen woenen in koartere roete fine nei it easten dêr't de lannen ryk wienen.
Yn jannewaris 1497 keas Kening Manuel I fan Portegal, Vasco da Gama út om in ekspedysje te lieden dy de seerûte nei Yndia finen moast. Vasco’s heit wie eigentlik útkeazen, mar dy wie stoarn foar dat de reis begjinne koe. Op 6 juli 1497 ferliet da Gama, Lissabon mei in float fan fjouwer skippen. Der wie in skip fan 200 ton twa skippen fan 120 ton en in karveel fan 50 ton. Oan board wienen 170 man, hast allegear feroardielde kriminelen. It wie in drege reis. De bemanning hie skuorbûk en der wienen swiere stoarmen. Se gienen op 15 july by de Kanaryske Eilannen lâns en berikten de Kaap Verdyske eilannen op 26 july. Se bleaunen oant 3 augustus yn Sao Tioago. De Gama naam in súdwestlike koers fier fan de Afrikaanske kust nei Kaap de Goede Hoop. Minne wyn fertraagde syn oankomst oant 22 septimber. Lokale gidsen lieden Da Gama en de bemanning troch it minne waar. De skepen gienen by de eastkust fan Afrika lâns en gienen dernei de Yndyske oseaan oer. De skippen kamen yn maaie 1497 yn Kalkutta oan. Foardat Da Gama werom nei hús fear hannele hy earst mei de Yndiers.