Abe Lenstra stadion
Ut Wikipedy
It Abe Lenstra stadion is it stadion fan de profesjonele fuotbalklub SK It Hearrenfean. It is iepene op 20 augustus 1994 en neamd nei de fuotballeginde Abe Lenstra, fan wa't in stânbyld by de haadyngong stiet. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean; it hat likernôch 28.000 sitplakken.