Anne Zernike
Ut Wikipedy
Anne Zernike, ek wol Anna of Anny neamd, (Amsterdam, 30 april 1887 - Amersfoart, 1972) wie de earste froulike predikante yn Fryslân en Nederlân. Sy hat ek in oantal boeken skreaun. Har heit en mem wienen beide wiskundigen.
Yn 1911 waard Anne troch de minniste gemeente fan it Fryske plak Boppeknipe tichtby It Hearrenfean oansteld as predikant. Dêr learde sy yn de simmer fan 1913 har man kennen, de keunstskilder Jan Mankes en troude mei him yn 1915, wêrnei't sy nei De Haach ferhuze. Omdat Jan Mankes oan tuberkulose late, besleatten sy om yn it Gelderske Eerbeek wenjen te gean, yn de hoop dat de boskrike omjouwing in geunstige útwurking hawwe soe. Yn 1918 krige sy in soan en ferskynde har earste boek. Jan Mankes stoar lykwols yn 1920 op 30-jierrige leeftyd oan syn sykte.
In jier letter waard Anne predikante fan de Frije Gemeente yn it Rotterdamske Tuindorp/Vreewijk. Yn Hoofddorp, Arnhim en Spijkenisse binne strjitten nei har ferneamd as earbetoan.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Over historisch materialistische en sociaal democratische ethiek, 1918
- Jan Mankes, A. Mankes-Zernike en R.N. Roland Holst, 1923
- Opvoedingsproblemen, 1924
- Rainer Maria Rilke: een benadering, 1925
- Het zwaluwenboek, Ernst Toller (oerset troch A. Mankes-Zernike), 1928
- Historische godsdiensten en universeele religie, 1938
- De mensch en zijn godsdienst, 1941
- Een vrouw in het wondere ambt: herinneringen van een predikante, 1956