It Hearrenfean (plak)
Ut Wikipedy
|
It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Yn 2007 hie it plak It Hearrenfean 28.500 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It Hearrenfean is net it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. It plak is yn 1551 ûntstien op it krúspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol-Ljouwert.
It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Fan Dekema, Cuyck en Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se in kompanjy op mei as doel grutte stikken lân te keapjen om oan feanûntginning te dwaan. Fandêr de namme It Hearrenfean.
Yn de 19e ieu ûntwikkele It Hearrenfean him trochdat, behalve dat der begoedige boargers wienen, der ek in soad middenstân kaam. En mei it tichtbylizzende It Oranjewâld wurdt it plak sûnt dy tiid ek wol It Fryske Haachje neamd. Der wie lykwols in obstakel. Troch it plak rûn de grins fan de twa gemeentes Aengwirden en Skoatterlân. Pas op 1 july 1934 waard út stikken fan dizze twa gemeentes, en in stikje fan de gemeente Haskerlân, de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije.
Kanaaldoarpen as It Hearrenfean hawwe as kenmerk de lintbebouwing en dit hat as feolch hân dat It Hearrenfean oan in soad buordoarpen fêstgroeid is en in totale lingte fan meer as acht kilometer hat (lâns it spoar; ûngefear noard-súd), mar de breedte is mar inkele kilometers en is op in soad plakken minder as ien kilometer. De westlike grins wurdt bepaald troch de Engelenfeart. De útwreiding fan it plak is yn it easten mei de nije wyk Skoatterwâld.
Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat ûnder de namme It Hearrenfean-Súd by it plak It Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Arsjitektuer
It Hearrenfean hat twa stinsen. Beide hearre ta de 25 ryksmonuminten. Crackstate is ûnderdiel fan it gemeentehûs fan It Hearrenfean en Oenemastate, foarhinne gemeentehûs fan Skoatterlân en It Hearrenfean is no in stedskafee.
De ienige mole dy't It Hearrenfean noch hat is de nôtmole Welgelegen. Oant yn de jierren 80 fan de foarrige ieu stie der yn it sintrum ek in wettertoer.
De heechste gebouwen yn It Hearrenfean binne de trije Muntflats: Lânsicht, Romsicht en Heechsicht. De bouwurken binne 15 ferdjippings heech en begjin jierren 70 boud. H
[bewurkje seksje] Keunst en Kultuer
[bewurkje seksje] Musea
- Museum Belvédère. Museum foar moderne en hjoeddeiske keunst.
- Museum Willem van Haren. In kultuerhistorysk museum.
[bewurkje seksje] Oar
- Posthûs Teater
- De Rinkelbom, muzyksintrum
[bewurkje seksje] Sportstêd
Mei It Hearrenfean Sportstêd wurdt bedoeld dat It Hearrenfean bekend stiet as in plak dat op sportgebiet in soad te bieden hat. Der is ek de oantsjutting Sportstêd It Hearrenfean, dat brûkt wurdt foar de lokaasje om it fuotbalstadion. Yn 2007 waard sportkompleks De Telle sloopt.
- Abe Lenstra Stadion, it fuotbalstadion wêryn't SK It Hearrenfean fuotballet.
- Thialf, it iisstadion. Yn de iishockeyhal spylje de It Hearrenfean Flyers.
- Skûtsjesilen. It Hearrenfeanster skûtsje is de Gerben van Manen.
[bewurkje seksje] Sportkompleksen
- Sportstêd It Hearrenfean: swimbad en sporthal. Swim- en Poloclub HZ&PC
- Sportkompleks De Ikkers: fuotbal Hearrenfeanske Boys
- Sportkompleks De Greiden: fuotbal VV Nijskoat, fuotbal Cruyff Court, atletyk AV ‘55
- Sportkompleks De Heide: kuorbal Blau Wyt, hockey Quick Stick
- Sportkompleks Skoatterwâld: fuotbal SK It Hearrenfean, SK It Hearrenfean (frouljusfuotbal)
- Golfbaan Heidemar -golf
- Tennispark It Oranjewâld
- Tennispark Ten Woude
- Tennis- en Squashhal
- Bowlingsintrum
[bewurkje seksje] Rekreaasje
- Rekreaasjegebiet De Heide: swimmen, fiskjen en strânfolleybal.
[bewurkje seksje] Ferkear en Ferfier
[bewurkje seksje] Auto
- Knooppunt It Hearrenfean, in klaverbled fan de autosnelwei A7 en A32.
[bewurkje seksje] Trein
[bewurkje seksje] Skipfeart
- Hearresleat, Nij Hearrenfeans Kanaal, Engelenfeart (allinnich plesierfeart)
[bewurkje seksje] Fyts
- LF-rûte. It Hearrenfean leit oan de Reidlânrûte (LF3) en oan de Flevorûte (LF20).
[bewurkje seksje] Bus
Linen dy't riden wurde troch Connexxion:
- Line 28: It Hearrenfean - Nijbrêge - Haskerdiken - Akkrum - Jirnsum - Friens - Reduzum - Wytgaard – Wurdum Rykswei - Goutum Rykswei - Ljouwert vv.
- Line 41: It Hearrenfean - De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint Nyk - Spannenburch vv.
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
- Line 198: It Hearrenfean - Nijehaske - Aldehaske - Haskerhoarne - De Jouwer - Snits - Nijlân Rykswei - Boalsert vv.
- Line 199: It Hearrenfean - De Jouwer - Toppenhuzen - Snits - Nijlân Rykswei - Boalsert vv.
- Q-liner 315: Grins (stêd) - It Hearrenfean - De Jouwer - De Lemmer - Emmeloard - Lelysted vv.
- Q-liner 351: It Hearrenfean - Joure - Snits - Boalsert vv.
Linen fan ferfierder Arriva:
- Line 10: It Hearrenfean – De Knipe – Langsweagen – Gordyk – Lippenhuzen – Terwispel – Beetstersweach – Olterterp – Drachten – Nijega – Sumar – Burgum – Hurdegaryp – Tytsjerk - Ljouwert vv.
- Line 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam – Ketlik – Nijhoarne – Aldhoarne – Jobbegea-Skuorregea - Jobbegea – Hoarnstersweach – Donkerbroek – Easterwâlde vv.
- Line 18: It Hearrenfean – Lúnbert – Tsjalbert – Gersleat – Lúkswâld – Tynje - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
- Line 26: It Hearrenfean - Aldskoat - Wolvegea - De Blesse - Steggerda - Finkegea - Noardwâlde vv.
- Line 100: It Hearrenfean – Drachten – Mearum Rykswei – Boerakker Rykswei – Midwolde Rykswei – Hoogkerk - Grins vv.
- Line 215: It Hearrenfean – De Knipe – Bontebok – Ketlik – It Oranjewâld – Bontebok - De Knipe - It Hearrenfean.
- Lijn 310: It Hearrenfean – Drachten vv.
[bewurkje seksje] Wenwiken
|
|
[bewurkje seksje] Bedriuwsterreinen
- Kanaal, ten noarden fan A7 en ten westen fan A32.
- Ljouwerterstrjitwei, (gemeente It Hearrenfean), benoarden A7 en ten westen fan A32
- Businesspark Fryslân, besuden A7 en ten westen fan A32.
- De Kavels, besuden A7 en ten easten fan A32
- Ynternasjonaal Bedriuwenterrein Fryslân (IBF), ten easten fan De Kavels
- It Mar, besuden A7 en bewesten A32
- It Hearrenfean-Súd, ten westen fan A32
- Nijskoat, ten westen fan bedriuwenterrein It Hearrenfean-Súd
Bekende bedriuwen yn It Hearrenfean binne:
Batavus, Koga-Miyata, Jongbloed en VDL Berkhof (Hainje).
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn it Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Underwiis
[bewurkje seksje] Basisûnderwiis
- Iepenbier: De Kommanderije, Ekke de Haan, De Letterbeam, De Ljepper, Van Kleffensschool, Van Maasdijkskoalle.
- Kristlik: De Akker, De Burcht, De Hoekstien, It Kompas, De Roergonger.
[bewurkje seksje] Fuortset- en Middelber beropsûnderwiis
- Fryslân Kolleezje. MBO-opliedingen, wêrûnder it CIOS. Op ferskate lokaasjes.
- Bornego Kolleezje. Kristlike Skoalle foar VMBO, HAVO, Ateneum en Gymnasium. Op ferskate lokaasjes.
- OSG Sevenwolden. Skoalle foar VMBO, HAVO, Ateneum en Gymnasium. Op ferskate lokaasjes.
- Skoallemienskip foar beropstariedend Underwiis (VMBO).
[bewurkje seksje] Bekende Hearrenfeansters
- Willem van Haren (6 jannewaris 1655), grytman († 1728)
- Albert Gillis von Baumhauer (10 oktober 1891), loftfeartpionier, († 1939)
- Eelco Nicolaas van Kleffens (17 novimber 1894), politikus († 1983)
- Abe Lenstra (27 novimber 1920), fuotballer († 1985)
- Wim Duisenberg (9 july 1935), ekonoom, politikus en bankier († 2005)
- Sikke Doele (1 febrewaris 1942), auteur († 2002)
- Jacques Tichelaar ( 2 jannewaris 1953), politikus
- Margriet Zegers ( 29 april 1954 ), hockeyspiler
- Jacob de Haan ( 28 maart 1959), komponist
- Eric Hoekstra ( 6 april 1960 ), taalkundige, auteur
- Onno Meijer ( 23 july 1960 ), akteur en regisseur
- Nico Jan Hoogma (26 oktober 1968), fuotballer en bestjoerder
- Falko Zandstra (27 desimber 1971), hurdrider, selsstannich ûndernimmer
- Sven Kramer (23 april 1986), hurdrider
- Geert Arend Roorda ( 2 maart 1988), fuotballer
[bewurkje seksje] Monuminten (tinktekens)
[bewurkje seksje] Partnerstêd
- Rishon LeZion (Israël)