Bitgummole
Ut Wikipedy
Bitgummole is in doarp yn de gemeente Menameradiel, east fan Berltsum. It doarp hat likernôch 920 ynwenners (2004). Oant 1963 wie it in buorskip fan Bitgum.
Bitgummole is ûntstien by de nôtmole dy't de bewenners fan de state Grut Terherne yn de 16e ieu bouwe litten hawwe. De mole is yn 1864 ôfbaarnd en net wer opboud.
Yn it earstoan wie de bebouwing byinoar op de Skreedyk, in stik Middelseedyk dat as trochgeande wei fan Ljouwert nei Berltsum tsjinne. Letter waard ek bylâns oare ferbiningswegen boud, en nei de fyftiger jierren tusken dy wegen. In echt sintrum hat Bitgummole noait hân.
It doarp wie sterk op de landbou rjochte en hie in feiling en in landbouskoalle. Tsjintwurdich wenje der in soad forinzen yn it doarp, dy't wurkje yn de tsjinstensektor yn Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ynwenners
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn Bitgummole soe in stins stien ha dêr't yn 1511 oer skreaun waard. Letter soe de famylje Buma op de pleats wenne ha.
- Auck Peanstra is in bekende Fryske skriuwster út Bitgummole.
- De iepenbiere skoalle fan Bitgummole hjit Martenaskoalle; de kristlike skoalle hjit Mooitaki.
[bewurkje seksje] Strjitten
De Hammeringen, Dyksterhuzen, Ingelumerdyk, De Bosk, It Bosklân, It String, J H van Aismawei, K van der Meijstrjitte, Langestrjitte, Lytsedyk, Menamerdyk, Moalderspaad, Nijlânsdyk, Sikkemabuorren, Terhornestrjitte.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Oer Bitgum:
- Kingma, T. - Bitgum Skiednis fan Bitgum en Bitgummole. ( Fryske Akademy, Ljouwert 1988. Rige steds-, doarps- en streekskiednissen nûmer 2. Akademy-nûmer 694. ISBN 90-6171-694-2. 292 siden)