De Fryske Alve Stêden
Ut Wikipedy
De feriening De Fryske Alve Stêden is oprjochte op 15 jannewaris 1909 om de Alvestêdetocht te organisearjen.
[bewurkje seksje] Oprjochting
De Alvestêdentocht waard al geregeld ferriden troch reedriders yn de 19e ieu. Op oanstean fan de sportpionier Pim Mulier waard op 2 jannewaris 1909 de earste Alvestêdetocht hâlden, organisearre troch it Fryske Iisbûn.
It Iisbûn woe it by dizze iene kear hâlde. Dêr wie de ljouwerter abbekaat Mindert Hepkema it net mei iens en tegearre mei in tal oare entûsjaste Friezen hat er in pear dagen letter, op 15 jannewaris, de feriening De Fryske Alve Stêden oprjochte. It doel wie it befoarderjen fan de iissport en it jierliks organisearjen fan in Alvestêdetocht at dit mooglik is. Hepkema wie ek de earste foarsitter.
Der is sûnt 1909 mar 15 kear in Alvestêdetocht hâlden.
[bewurkje seksje] Foarsitters
List fan foarsitters fan de feriening:
- Evert Hepkema (1909 oant 1947)
- Jan Kingma (1948 oant 1951)
- H. Geerts (1951 oant 1952)
- A. Hannema (1952 oant 1958)
- Jan Hoogland (1958 oant 1969)
- J. Kuperus (1969 oant 1984)
- Jan Sipkema (1984 oant 1994)
- Henk Kroes (1994 oant 2007)
- W.Wieling (fan 2007 ôf)