Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Pim Mulier - Wikipedy

Pim Mulier

Ut Wikipedy


Pim Mulier (10 maart 1865-12 april 1954) folút Willem Johan Herman Mulier, sjoernalist mar boppe al grûnlizzer fan de moderne sport yn Nederlân, kaam yn Wytmarsum op de wrâld as soan fan de earste boargemaster fan Wûnseradiel en grutgrûnbesitter Tjepke Mulier en Roelina Johanna Alberda. Fan 1935 ôf hat er ek publisearre ûnder it pseudonym Pim Pernel.

Biografy

Ynhâld

[bewurkje seksje] Komôf en jonge jierren

Willem Johannes Herman Mulier, dy't as Pim Mulier namme meitsje soe yn de Nederlânske sportwrâld, waard op 10 maart 1865 berne te Wytmarsum. Syn namme spruts er by foarkar út as Muljee, want hy wie wiis op syn Frânske ôfkomst. Syn foarâlden kamen út Roubaix en droegen dêr de namme Oste de Muliers. Hy soe twa kear trouwe: Foar it earst op 18 desimber 1895 mei Cornelia Constance van Duin en nei't er op 20 april 1922 fan Constance skieden wie, troude Pim Mulier op 29 maaie 1923 mei Maria Louise Haitsma Mulier. Bern soe er net krije.

Al as mantsje fan 4 jier sette syn heit him op redens. Tjepke Mulier wie in fanatyk reedrider en oprjochter fan de Haarlimske Iisklub. Pim Mulier syn fasinaasje foar sport soe hjir wol syn woartels hawwe kinne. As fiifjierrige gie Pim, tegearre mei syn âldere broer Pieter nei in kostskoalle yn Noardwyk. Yn Ingelân, dêr't er yn Ramsgate in Kolleezje folge, kaam er yn de kunde mei jonges dy't behalve cricket ek football spilen, in sport dy't in foargonger is fan it hjoeddeiske rugby. Mulier wie ferkocht, en ronsele, werom yn Nederlân, syn maten om dat spul ek te spyljen.

[bewurkje seksje] Oprjochting 1e fuotbalklub

Yn 1879 seach er by de yn Britske sporten spesjalisearre saak de Gruyter yn Amsterdam in learen rugbybal, dy't er fuort kocht. In datselfde jier rjochtte hy as 14-jierrige (!) de earste fuotbalklub fan Nederlân op. De klub, Haarlemsche Football Club, HFC bestiet noch altyd, tsjintwurdich mei it predikaat Keninklik, KHFC. Al yn de begjinjierren wie HFC in grut sukses, mar klachten fan âlders oer it rûge rugby, soargen der foar dat de klub yn 1883 oerskeakele op soccer, it hjoeddeiske fuotbal. Mei troch de ynfloed fan Mulier ûntstiene yn de regio en ek dêrbûten, nije fuotbalklubs dy't al gauweftich yn kompetysjeferbân tsjininoar spilen.

[bewurkje seksje] Yntroduksje modern tennis

Yn 1884 yntrodusearre Mulier it moderne tennisjen sa't dat doe spile waard yn Ingelân, yn Haarlim, dêr't de 1e klub oprjochtte waard.

[bewurkje seksje] NK hurdrinnen

Pim Mulier wie in net ûnfertsjinstlike hurdrinner. Yn 1886 rûn er de 350 meter yn 53,4 sekonden, en wurde dêrmei Nederlânsk kampioen.

[bewurkje seksje] Oprjochting NAVB

Yn 1889 stie Pim Mulier oan de widze fan de Nederlandse Atletiek en Voetbalbond, NAVB. Atletyk waard, tige tsjin it sin fan Mulier, al gau oan'e kant skowt. De NVB, foarrinner fan de tsjintwurdige KNVB, bleau oer.

[bewurkje seksje] Alvestêdetocht

Yn 1890, werom yn Fryslân, pakte Mulier syn âlde leafde, it reedriden wer op. Hy ried de ûnoffisjele alvestêdetocht yn in tiid fan 12 oere en 55 minuten. It rekôr soe stân hâlde oan't 1909. Yn dat jier soe op syn oanstean de earste organisearre Alvestêdetocht hâlden wurde ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Yn datselde jier is ek de Feriening 'De Fryske Alvestêden' oprjochtte, dy't dêrnei de tocht útskriuwe soe. It krúske dat alvestêderiders oan't hjoeddedei krije at se de tocht útride, is in ûntwerp fan Pim Mulier.

[bewurkje seksje] Oare sporten

Ek oare sporten droeg Pim Mulier in waarm hert ta. Sa hat er ûnder oaren foarsitter west fan it Nederlânske Krikketbûn en skriuwer fan de Nederlandsche Bond voor Lichamelijke Opvoeding. Yn dy lêste funksje hat er it organisearjen fan 4-deiske kuiertochten stimulearre, wêrfan dy fan Nijmegen in barren mei ynternasjonale útstrieling wurden is. Aktyf wie er fierder as hurdfytser, keatser en biljetter. Yn 1891 yntrodusearre Mulier de hockeysport yn Nederlân.

[bewurkje seksje] Mulier as publisist

Pim Mulier wie aktyf as sjoernalist en skriuwer. Ek yn dy funksje wie er propagandist foar de sport. Fan syn hân binne û.o. de folgjende publikaasjes:

  • Voetbal en Athletiek (1894);
  • Winterspelen (1894);
  • Cricket (1897);
  • Arbeidstoestanden op de Oostkust van Sumatra (1903);
  • Over de onderwerping en ontwikkeling van Sumatra in verband met eenige vraagstukken van den dag (1904);
  • Tim. Roman van 'n Hondenleven (Amsterdam, 1931).

[bewurkje seksje] Mulier ferneamd

De namme fan Pim Mulier wurdt noch altyd neamd yn de Nederlânske sportwrâld:

  • Yn syn bertedoarp, Wytmarsum, drage de keatsferiening en de fuotbalferiening syn namme.
  • Yn Haarlim is de sportútlien nei him neamd, lykas it honkbalstadion en in atletykbaan. Fierder is dêr in Société Pim Mulier, dy't âlde Haarlimmer sporthelden yn eare hâlde wol.
  • Yn Hengelo is in atletykferiening mei de namme Marathon Pim Mulier.
  • De âldste loop fan Nederlân oan de igge fan de Kennemerdunen draagt de namme Pim Mulier loop.
Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com