Deinum
Ut Wikipedy
Deinum is in doarp yn de gemeente Menameradiel, 4km west fan Ljouwert oan it Van Harinxmakanaal. It doarp hat likernôch 1.000 ynwenners. It doarp is ûnstien op in terp oan 'e Middelsee dy't no foar it grutste part ôfgroeven is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
It âldste gebou fan Deinum is de tsjerke Sint Jan fan Deinum, boud yn 'e 13e ieu. Dat de toer eartiids as fjoertoer brûkt waard, is lykwols net wier. Mei de bou fan dy toer is earst yn 1550 útein set, doe't it Bilt al in heale ieu droech wie, en earst yn 1595 wie it wurk ree. Der is ek in ferske fan 'e tsjerke mei as titel; Yn Deinum stiet in sipel op 'e toer. De sipel is yn 1589 op 'e toer kaam.
[bewurkje seksje] De sipel
De sipel is der wierskynlik op komd om Deinum te ûnderskieden fan oare doarpen. It jierlikse reiske de iisclub, de pleatslike hamburger en sportaktiviteiten brûke de namme Sipel allegear. Troch it Deinumer kabaret is ek in Sipelrap makke. De sipel hat de ynwenners ek harren bynamme fan Sipelgekken jûn.
[bewurkje seksje] Lizzing
Om it doarp rint de ringdyk Sint Janswei dy't eartiids it doarp beskerme tsjin it wetter fan de Middelsee. Oant yn de 19e ieu lei it doarp oan de Harnzer Feart, en der wennen ek noch minsken oer de feart. Mei de komst fan it Van Harinxmakanaal en it spoar waarden de huzen súdeastliker boud, tichter by it stasjon. De terp is noch wero te finen yn it strate patroan, mar leit no oan de noardwestkant fan it doarp. Earder hie Deinum in gersdroegerij, in fleisbedriuw en in molkfabryk.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Net fier fan Deinum ôf leit de A 31 fan Ljouwert nei Harns. Deinum hat syn eigen treinstasjon oan it spoar fan Harns nei Ljouwert. Benoarden it doarp leit it Van Harinxmakanaal
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in feriening fan Doarpsbelang, dy 't aktiviteiten foar jong en âld organisearret. It doarp hat ek twa basisskoallen, De Rank en Master Camminga en in pjutteboartersplak, Hummelhonk. De bank is yn 2002 ferdwûn.
Doe't der yn 2000 in nij stek om de tsjerke komme moast ûntstie de aksje Gek op it stek en it inisjatyf Fjoer op de toer set de toer jûns yn it ljocht.
It doarpskrantsje hjit Klavertrije.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Trije Doarpen - keatsen
- Toulûkferiening
- VV Sparta '59 - fuotbal
- It Sipeltsje - iisclub
- Sport en Spel - gymnastyk, folleybal, aerobics en jazzballet
- Troch de Koer - kuorbal
- Deinum e.o. - folksdûnsjen
- Advendo - muzykferiening
- It Klaverblêd - Frysk Selskip
- Nocht en Wille - toaniel
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Bekende Deinumer
- Sjouke de Zee - hat net lang yn Deinum wenne, fierde de Fryske flagge mei pompeblêden yn
[bewurkje seksje] Strjitten
Aldeleane, Bûterhoeke, De Eker, De Gersdroegerij, De Harke, De Seine, De Strikel, De Swylder, Feytsmahof, Heechhiemsreed, Heechpaad, It Harspit, It Holt, It Swee, Ljochtewei, Marssumerdyk, Mennerdahof, Pypsterhof, Ritsumasyl, Sint Janswei, Sjouke de Zeestrjitte, Skoallestrjitte, Spoarstrjitte, Sportleane, Trekwei, Tsjerkepaad.