Farsk
Ut Wikipedy
Farsk is in literêr ynternet-tydskrift (ISSN 1570-5900).
Farsk is begûn op 21 febrewaris 2003 troch Abe de Vries dy't earder redakteur wie by Kistwurk. Njonken de digitale ferzje, dêr't ien kear yn de fjirtjin dagen in nije ferzje fan útkomt, binne der ek papieren temanûmers, de Farskskriften. Fierders wurde der jierboeken útbrocht, seleksjes út de digitale ferzje: dy fan 2003 en 2004 binne al ferskynd.
De earste redaksje fan Farsk bestie njonken Abe de Vries út Jetske Bilker, Albertina Soepboer en Marc Kooij. Oare redaksjeleden wienen Cornelis van der Wal, Elske Schotanus, Ruurdtje de Haan, Joke Corporaal en Henk Wolf. De notiidse redaksje (oktober 2007) bestiet út haadredakteur Ytsje Hoekstra, poëzyredakteur Inge Heslinga en proazaredakteur IJsbrand van den Berg.
Yn 2004 luts Farsk 45.000 besikers, sawat it dûbele fan 2003 (23.000).