Fresia
Ut Wikipedy
Fresia (ek wol Fresiae) wie de Latynske beneaming foar it lân dêr't de Friezen eartiids wenne hawwe en dat brûkt wurdt yn de iere skreaune kroniken om it gebiet fan de Fryske keningen mei oant te tsjutten. Der waard ûnderskied makke tusken in citerior Fresia en ulterior Fresia, wêrby citerior it gebiet wie besuden de Ryn wylst ulterior it oare Fryske lân wie. De namme soe nei it tiidrek fan de Fryske keningen oant de 12e ieu yn swang bliuwe.
[bewurkje seksje] Lex Frisionum
Troch Karel de Grutte waard yn 804 de Fryske wetten kodisearre yn de Lex Frisionum dy't fan tapassing wie op in Hartochdom Fresia dat har útstrekke fan it Swin, de tsjintwurdige grins tusken Belgysk en Seeuwsk-Flaanderen, oant de Weser yn Dútslân.