Fryske greven
Ut Wikipedy
De Fryske Greven wienen de greven dy't de kustprovinsjes regearden fan it tsjintwurdige Nederlân. Oant en mei healwei de 11e ieu waard nammentlik it kustgebiet oantsjutten mei de beneaming Fresia (Fryslân), nei it eardere Fryske ryk dat yn de 8e ieu troch de Franken oermastere waard. Dêrom wurde de greven dy't yn dat tiidrek hearske hawwe Fryske greven neamd. Letter soenen oare beneaming yn swang komme, bygelyks foar de greven fan Hollân en Seelân.