Fryske Rie
Ut Wikipedy
De Fryske Rie is in gearwurking tusken ferskate Fryske organisaasjes yn it Fryske wengebiet. De Fryske Rie bestiet al sûnt 1927, mar is pas offisjeel oprjochte yn 1956. De rie hat trije regionale seksjes, yn Aurich stiet ûnder de namme Ynterfryske Rie it sintrale kantoar fan de organisaasje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Seksjes
De trije regionale seksjes binne opdield yn:
- Namme: Fryske Rie
- Mêd: Provinsje Fryslân yn Nederlân.
- Festige yn: Ljouwert (Fryske Akademy)
- Foarsitter: Roel Kaastra
- Sekretaris: Saapke Miedema
- Namme: Fräiske Räid (Sealtersk), Freeske Raad (Nederdútsk)
- Mêd: East-Fryslân en Sealterlân.
- Festige yn: Aurich
- Foarsitter: Gerhard Cordes
- Sekretaris: fakatuere
- Namme: Frasche Rädj (Noardfrysk)
- Mêd: Noard-Fryslân en Helgolân
- Festige yn: Niebüll/Naibell
- Foarsitter: Ingwer Nommensen
- Sekretaris: Petra Hansen
Om de trije jier wikselt it foarsitterskip tusken de regionale seksjes. Op it stuit is de Seksje East foarsitter.
[bewurkje seksje] Bestjoer
It bestjoer fan de Rie bestiet út seis fertsjintwurdigers fan de trije regionale seksjes. De gearkomsten fine plak in Moormerlân.
Sûnt 2006 bestiet it bestjoer út:
- Dieter Baumann (foarsitter, East);
- Roel Kaastra (foarsitter, West);
- Saapke Miedema (sekretaris, West);
- Ingwer Nommensen (foarsitter, Noard);
- Harro Muuss (Noard);
- Heinrich Pörschke (East).
De sintrale lieding is yn hannen fan Sabine Gronewold.
[bewurkje seksje] Skiednis
Al rûn 1900 wiene der kontakten tusken de West- en de Noardfriezen. Yn 1925 waard it earste Fryslânkongres yn Jever organisearre. Yn 1952 waard der wer in kongres organisearre. Trije jier letter, yn 1955, waard by de Opstalbeam it Fryske Manifest opsteld, wêr de Fryslannen yn fêstleinen om mei-inoar de Fryske kultuer te beskermjen.
In jier letter, yn 1956, waard de Fryske Rie offisjeel yn it Dútske Leer oprjochte. Yn 1998 binne de ferskate ôfdielingen ûnder de namme Ynterfryske Rie byinoar kaam.
Yn 2006 joech de Dútske Post (Deutsche Post) in postsegel út foar it 50-jierrige bestean fan de rie.