Galamadammen
Ut Wikipedy
Galamadammen is in buorskip yn de gemeente Nijefurd. Galamadammen leit súdeastlik fan Koudum by it akwadukt yn it Johan Frisokanaal. It leit op it plak dêr't de Moarre en de Fluezen by inoar komme oan de dyk Balk-Koudum. Der is ek in grutte jachthaven by en in hotel-restaurant.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Oarspronklik leinen der damen yn de âlde binnedyk dy't neamd binne nei de famylje Galama. Yn 1732 kaam der in skutslûs yn de doe oanleine slieperdyk.
Nei 1835 sieten der twa beweechbere brêgen yn de dyk nei Starum.
Yn 1945 is it âlde tolhûs ôfbrând.
Der soenen noch klokken yn de mar lizze fan it âlde Sint Odulfuskleaster.
Galamadammen wurdt noch neam yn J. van Lennep syn "Roos van Dekama".
[bewurkje seksje] Akwadukt
Galamadammen is ek de namme fan it akwadukt op de krusing fan de N356 en it Johan Frisokanaal. De bou is begûn yn desimber 2005 en is neffens plan klear yn 2007. It akwadukt bestiet út in súdeastlike oprit fan 193 m, in ticht tunneldiel fan 73 m en in noardwestlike oprit fan 203 m. Mei inoar 469 m.
It akwadukt hat twa rydbanen en in fytspaad. Boppe de noardwestlike oprit is in fuotgongersbrêge. Ut it neistlizzende hotel wei kin sa de provinsjale dyk oerstutsen wurde, yn de rjochting fan de jachthaven. Bylâns de súdlike ouwer fan it Johan Frisokanaal komt in ekosône. Bisten krije sa de gelegenheid om de provinsjale dyk oer te stekken.
It tichte diel is útfierd as sinktunnel, sadat it krúsjende wetterferkear sa min mooglik lêst hat fan de bou-aktiviteiten. De besteande fytserstunnel oan de súdeastkant wurdt sloopt en de besteande fytserstunnel oan de noardkant (ek tunnel Galamadammen neamd) bliuwt bestean. As it akwadukt ienkear klear is wurdt de ophelbrêge ek sloopt.
[bewurkje seksje] en dan noch dit:
- oantal heipeallen: 282
- oantal liuwankerpeallen: 107
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- http://nostalgisch.koudum.nl/dammen/slag-dammen.htm - oer de Slach by de Galamadammen