Johan Frisokanaal
Ut Wikipedy
It Johan Frisokanaal, ek folút Johan Willem Frisokanaal neamd, is in kanaal yn Fryslân. It kanaal ferbynt Starum mei it Prinses Margrietkanaal, wêr't it beëasten fan De Hommerts op oanslút, krekt benoarden fan de Kûfurd.
It kanaal is in drokbefearne wetterwei, sawol foar fracht- as plezierfartugen, dit lêste fansels benammen by't simmer. Tusken it Prinses Margrietkanaal en Starum krúst it kanaal mar leafst fjouwer marren, te witten: de Hegemer Mar, dat oergiet yn de Fluezen, De Holken en ta beslút de Moarre.