Geert Arend Roorda
Ut Wikipedy
Geert Arend Roorda | |
---|---|
Untbrekt | |
Basis ynformaasje | |
Namme | Geert Arend Roorda |
Berne | 2 maart 1988 |
Berteplak | It Hearrenfean |
Ploech | SK It Hearrenfean |
Posysje | Middenfjilder |
Debút | 20 septimber 2007, Helsingsborgs IF |
Geert Arend Roorda (2 maart 1988, It Hearrenfean) is in Nederlânske fuotballer dy’t útkomt foar SK It Hearrenfean. Roorda spilet syn measte wedstriden op it middenfjild.
[bewurkje seksje] Biografy
Roorda begûn mei fuotbal by amateurklub vv Noardboargum. Fanôf syn achtste komt hy út foar SK It Hearrenfean. Hy spile yn Oranje ûnder 17 en Oranje ûnder 19. Mei troch in ferskaat oan blessueren (bygelyks an de ankel en de beide knibbels) hat hy net meidwaan kint oan it WK ûnder 18.
Yn oktober 2004 waard Roorda foar it earst oproppen foar Oranje ûnder 17. Hy spilet twa kwalifikaasje wedstriden foar it EK tsjin Armeenje en Turkije. Yn de wedstriid tsjin Turkije makket hy it doelpunt dat Nederlân nei ik EK yn Itaalje bringt. Dit EK moat hy misse troch in blessuer oan de heup. Wol spilet Roorda mei op it Wrâldkampioenskip ûnder 17 yn Peru. Hy wit mei syn ploech oant de heale finale ta te komme wêryn mei 4-0 fan Meksiko ferlern wurdt. Yn de wedstriid om ‘t tredde plak wint Nederlân al en pakt it it brûns. Roorda komt op it WK net fjirder as 75 spielminuten.
Roorda makket syn profesjonele debút foar It Hearrenfean op 20 septimber 2007 yn de thúswedstriid foar de UEFA Kup tsjin Helsingborgs IF (5-3). Syn earste doelpunt makket Roorda yn de thúswedstrijd tsjin NEC út Nimwegen, It Fean ferliest úteinlik mei 2-3. Foar Jong Oranje debutearet Roorda op 12 oktober 2007 yn de wedstriid mei Estlân om kwalifikaasje foar it Jeropeesk Kampioenskip yn 2009.