Goaiïngea
Ut Wikipedy
Goaiïngea is in terpdoarp yn de gemeente Wymbritseradiel. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgeaen vormt met Gau en Offenwier De Legeäen. Letterlik betsjut dit soksawat as 'lege geaën'. Goënga leit op de grins fan klaaigrûn dat yn noardwestlike rjochting leit en it leechfeangebiet nei it súdeasten. De befolking brûkte foar de ûntginning de leechfeangrûnen om turf te stekken, en libbe fierders fan de fiskfangst en op de wat steviger grûn fan fee weidzjen.It doarp hat likernôch 258 ynwenners (2006).
De âlde buorren fan Goaiïngea hat in soad knap restaurearre wenten om de Herfoarme Tsjerke. Mei de smûke beammen sjocht it der skildereftich út. Oan'e ein fan de tachtiger jierren hawwe de buorren in grutte beurt hân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Midden jaren ‘90 is De eardere konsistoarje fan de herfoarme tsjerke is ombou ta doarpshûs mei as namme ‘De Kosterij’. Der wurdt no al in pear jier in ‘Goaiïngeaster Talintejûn’ hâlden.
[bewurkje seksje] Ferienings
- K.F. De Lege Geaen - kuorbal
- De Klosserij - biljerten
- De Dartelarij - darts
- It Skoppenwiif - klaverjassen
[bewurkje seksje] Befolking:
De Nederlânske minister-president Pieter Gerbrandy is hjir berne yn 1885.
[bewurkje seksje] Strjitten:
't Pôlehout, Aldfeartsdyk, De Boppeslach, Goaiïngeamieden, Hege Wier, It Mediel, Midlânsdyk, Sickengawei.