Gryksk
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Gryksk (Ελληνικά) | |
---|---|
Sprutsen yn: | Grikelân, Cyprus |
Tal sprekkers: | 15 miljoen |
taalklassifikaasje: | Yndo-Jeropeesk - Gryksk |
Officiële status | |
Offisjele taal yn: | Grikelân, Cyprus en de Europeeske Uny |
Taalorganisaasje: | - |
Taalkoades | |
ISO 639-1 | el |
ISO 639-2(B) | gre |
ISO 639-2(T) | ell |
SIL | GRK |
It Gryksk is an Yndo-Jeropeeske taal. It is de offisjele taal fan Grikelân en Cyprus. De taal waard eartiids sprutsen yn Grikelân, by de kust fan Lyts Asië lâns en yn it súdlike part fan Itaalje. De Griken neame harren taal Ελληνικά (Helleniká).
It Gryksk hat in skiednis fan mear as 3,500 jier. It is âlder as de measte Jeropeeske talen. Hjoed de dei prate sa'n 15 miljoen minsken Gryksk. Dy sprekkers libje foar it meastepart yn Grikelân en op Cyprus.
De Griken hawwe harren eigen alfabet. It Latynske alfabet (dat wy brûke foar it Frysk en in protte oare talen) komme fan it Grykske alfabet. It Grykske alfabet wie ek de grûnslach foar oare alfabetten, lykas it Sirrilyske alfabet. De Griken hawwe it alfabet net útfûn, dat kaam fan de Fûnikanen.
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Grykske ferzje. |