Hartwert
Ut Wikipedy
Hartwert is in terpdoarp yn it easten fan de gemeente Wûnseradiel, east fan Boalsert. It doarp hat likernôch 150 ynwenners (2004). Oan de Kleasterwei stiet doarpshûs It Terphûs.
It doarp lei tusken twa kleasters yn: Oegekleaster oan de Boalserter kant en it folle gruttere Blomkamp (1191) net sa fier fan De Slachte. Oant 1332 waarden hjir de lândagen fan Westergoa hâlden. Yn Blomkamp is yn 1535 in opstân fan 300 doopsgesinden bloedich delslein. Beide kleasters binne troch de geuzen yn'e brân stutsen. Yn it wapen fan Hartwert is oer de skiednis in soad werom te sjen: It sulveren krús ferwiist nei it kleaster Blomkamp. Blomkamp waard ek Aldekleaster (Oldeclooster) neamd. It reade hert omdat hjir yn de Midsieuwen it hert fan Westergoa sloech: Hjir kamen de ôffurdigen gear út dit goa. De leeljes komme út it wapen fan de sistersjenzer kleasteroarder dy't lang mei it doarp ferbûn wie.
De betimmere klokkestoel hat it eardere tsjerkje yn yn 1771 ferfong.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferskaat
- De keatsclub hjiSpui yn'e want
- It doarp hat ek in toanielferiening
- Yn 2006 waard damclub Hartwert mei Teake Kooistra foar de 25e kear kampioen Frysk Spul. Frysk damjen is krekt wat oars as gewoan damjen. By it Frysk Spul wurdt der skean en rjochtút, mar ek oerdwers slein.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Strjitten:
Kleasterwei, Middelseedyk, Oldeclooster, Ridderdyk.