Ivoarsnaffelspjocht
Ut Wikipedy
Ivoarsnaffelspjocht | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Campephilus principalis |
De Ivoarsnaffelspjocht (Campephilus principalis) is mei sa'n 46-51 sm de grutste spjocht fan Noard-Amearika. Hy libbet oan de súdeastkust fan de Feriene Steaten. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu waard tocht dat de fûgel al útstoarn wie, mar op 28 april 2005 waard troch ornitologen yn it nijs brocht dat de soart nog bestiet. Yn april 2004 is in folwoeksen eksimplaar filme wylst er fan beam nei beam fleach yn in bosk yn de Amerikaanske Steat Arkansas. Fierder wiene der ek noch tal fan minsken dy't de fûgel dat jier sjoen hiene. Dêrby moat oantekene wurde dat in protte skeptisi der fanút gean dat it hjir om in oare spjocht gean soe.
Der hat ek in ûndersoartpopulaasje op Kuba west, mar dêr is er sûnt 1987 net meer sjoen. De oarsaak fan de tebekrin fan de soarte is it lytser wurden fan grutte bosken mei in protte âld hout.