Feriene Steaten
Ut Wikipedy
|
De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, in federaasje fan 50 steaten. Dêrfan lizze 48 tegearre, en dy groep grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan. Alaska grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Hawaiï leit yn de Stille Oseaan. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinentale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline de wenomkriten fan in grut tal ynheimske Amearikaanske folken en waard fan de 16e ieu ôf kolonisearre troch Spanje, Frankryk, Nederlân en Ingelân. As resultaat fan de Frânske en Yndiaanske kriich fan 1754 oant 1763, naam Grut-Brittanje de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan Kanada en parten fan it hjoeddeistiche Illinois en Ohio. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersette tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Tretjin koloanjes ferklearren yn 1776 harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de Amearikaanske Unôfhinklikenskriich. Yn 1783 erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en en waard in regear foarme dat yn 1789 dat aktyf waard.
Yn de rin fan de folgende ieu ûntstienen hieltiid gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan 1861 oant 1865 ta in boargerkriich. De ein fan de 19e ieu koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialysaasje en tafloed fan miljoenen immigranten. Yn de 20e ieu hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de Earste en Twadde Wrâldkriich.
[bewurkje seksje] Geografy
Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oan't yn Wyoming en Kolorado, dêr't in pear fan de heechste toppen fan it Rotsberchte lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte eindiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de Bering Straat foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de Bering See beheine.
Hawaiï is in rige fan eilânnen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoa.
[bewurkje seksje] Politike geografy
De neikommende steaten binne meiïnoar de Feriene Steaten.
Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Florida - Georgia - Hawaiï - Idaho - Illinois - Yndiana - Iowa - Kalifoarnje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnektikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippi - Missouri - Montana - Nebraska - Nevada - New Hampshire - New York - New Jersey - New Mexico - Noard Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Uta - Washington - West Firginia - Wyoming - Wisconsin
By de ûnôfhiklikensferklearring yn 1776 wienen der mar 13 steaten.
Alaska is de grutste steat(1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4003 km²). Kalifoarnje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenenrs hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e ieu ûnderfûnen Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas it rappe woeksen fan it tal ynwenners, West Virginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen te krijen mei in delgong fan tal ynwenners yn dyselde rite.
[bewurkje seksje] Stêden
De seis grutste stêden fan de Feriene Steaten binne:
- New York
- Los Angeles
- Chicago
- Houston
- Philadelphia
- Phoenix
In seleksje fan oare grutte stêden: Boston, Pittsburgh, Baltimore, Richmond, Virginia Beach, Charlotte, Atlanta, Jacksonville, Tampa, Miami, Cleveland, Columbus, Cincinnati, Detroit, Indianapolis, Milwaukee, Minneapolis, Saint Louis, Nashville, Memphis, New Orleans, Oklahoma Stêd, Dallas, Austin, San Antonio, El Paso, Albuquerque, Denver, Salt Lake City, Washington, Tucson, San Diego, Long Beach, Las Vegas, Seattle, Portland, Sacramento, San Francisco, San Jose, Fresno en Honolulu.
[bewurkje seksje] Demografy
Yn 1776 hie de it lân mar 3 miljoen ynwenners, yn 1915 wienen dat 100 miljoen en yn 1968 200 miljoen ynwenners. Sûnt 2006 hat it lân mear as 300 miljoen ynwenners. [1].
Mear as 79% fan de befolking wennet yn 'e stêden (dêr't mear as de helte fan yn 'e plakken om de grutte stêden hinne wennet). Likernôch 70% fan de ynwenners is fan Jeropeeske komôf, mar dat persintaazje wurdt minder omdat oare groepen har yn it lân ta wenjen sette, en de ynwenners fan Jeropeeske komôf net safolle bern krije as de oare groepen. Neffens de folkstelling fan 2000 wie de grutste minderheid Latino, dy't mei 35.305.818 minsken binne, dat is 12,5% fan de befolking. Dat sifer omfiemet minsken fan Meksikaanske, Pueto Rikaanske of Kubaanske oarsprong. De Afrikaansk-Amearikaanske befolking wie 34.658.190, dat is 12,3% fan de befolking, hoewol't in oare 0,6% mar foar in part Afrikaansk-Amearikaansk is. De Aziatyske befolking hie 10.242.998 minsken yn 2000, dat is 3,6%, en foar it meastepart binne dy fan Sineeske, Filipynske, Indiase, Fiëtnamesen, Koreaanske of Japânske oarsprong. De ynlânske Amearikaanske befolking fan de Feriene Steaten, lykas Eskimo's yn Alaska en op de Aleoeten, hawwe 2.475.956, dat is 0,9%. Rûchwei in tredde fan ynlânske Amearikaanske befolking libbet yn reservaten, tasein lân, of in oare lân mei ynlânsk Amearikaansk tafersjoch. Der wienen 398.835 Hawajanen en oare pasifyske eilânbewenners yn 2000. Dat is 0,1% fan de befolking.
[bewurkje seksje] Nasjonale Feestdagen
De yndividuele steaten ornearre sels de offisjele feestdagen foar harren steat. Al binne de iepenbiere ynstellings mei dy dagen al sletten, neffens bedriuwen net altyd de oanrekkommendearring fan de steat, en wurken gewoan troch.
- New Year's Day, 1 jannewaris
- Martin Luther King Day, tredde moandei yn jannewaris
- President's Day, tredde moandei yn febrewarise
- Memorial Day, lêste moandei fan maaie
- Independence Day, 4 july
- Labor Day, earste moandei fan septimber
- Columbus Day, twadde moandei yn oktober (wurd allinich fiert yn steaten mei in grut tal Amearikaanske-Italjanen)
- Election Day, earste tiisdei fan novimber
- Veterans Day, 11 novimber
- Thanksgiving Day, fjirde tongersdei yn novimber
- Christmas Day, 25 desimber
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Kâlde Kriich
- List fan Amerikaanske presidinten
- Ynternasjonale organisaasjes dêr't de F.S. lid fan is: APEC, NAFTA, NAFO, OSA, Feriene Naasjes