Jadeboezem
Ut Wikipedy
De Jadeboezem (Dutsk: Jadebusen) is in 190 km² grutte see-earm yn de Noardsee foar de kust fan Dútslân. De Jadeboezem makket diel út fan de Waadsee.
De Jadeboezem is yn de Midsieuwen ûntstien as gefolch fan in rige stoarmfloeden, wêrfan de earste de Sint-Julianafloed út 1164 wie. De Jadeboezem krige yn 1725 as gefolch fan bediking syn tsjintwurdige foarm. Yn 1856 waard oan de see-earm de (marine)havenstêd Willemshaven bouwd.
Midden yn de Jadeboezem stiet de fjoertoer Arngast op it plak der't earder in eilân lein hat.