Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Dútslân - Wikipedy

Dútslân

Ut Wikipedy

Bundesrepublik Deutschland
Flagge fan Dútslân Wapen fan Dútslân
Motto: Einigkeit und Recht und Freiheit
(Dútsk: Iendracht en rjocht en fryheid)
Folksliet: Deutschlandlied
Lokaasje fan Dútslân
Offisjele taal Dútsk
Haadstêd Berlyn
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
356.974 km²
2,18­%
Ynwenners (2004) 82.531.700
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 3 oktober
Lânkoade DEU
Ynternet .de
Tillefoan +49
Kaart fan Dútslân


Dútslân (Bundesrepublik Deutschland) is in lân yn Sintraal-Jeropa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel.

Dútslân wurdt begrinzge troch:

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

It Hillige Roomske Ryk wie it earste Reich of keninkryk. It begûn mei Karel de Grutte, hy wie de earste Hillige Roomske Keizer om it jier 800 hinne, it bleau bestean oant 1806, de tiid fan Napoleon

It twadde Reich begûn mei in ferdrach yn 1871 yn Versailles. It Dútske Ryk kaam byinoar en de basis wie Prusen, útsein Eastenryk. Dútslân bleau in ryk mei in ferskate folken foar noch in 50 jier.

Dútslân wûn de Frankysk-Prusyske Kriich mei Frankryk yn 1871, en yn de Earste Wrâldkriich sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn 1918, en de Dútske keizer naait út nei Nederlân. Nei de revolúsje einiget it Twadde Reich en wie it begjin fan de demokratyske Weimar Republyk.

Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld.

It "Tredde Ryk" wie Nazy-Dútslân; fan 1933 oant en mei 1945. Adolf Hitler wie lieder fan it regear, en mei goedkarring fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear.

Hitler anneksearre Eastenryk en Tsjechje, mar nei de anneksearring fan Poalen bruts 1 septimber 1939 de Twadde Wrâldkriich út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de Sowjetuny. Nei de Slach by Stalingrad stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers fjochtsjend werom út it easten. Nei de ynfaazje by Normandje wie der kriich fierd tsjin Dútslân op trije fronten (west, súd en east). Op 8 maaie 1945 die Hitler himsels tekoart en de Dútske kapitulaasje wie yn 1945 tekene. De ein fan de kriich betsjutte foar Dútslân ferlies fan grûngebiet, en yn de 45 neikommende jierren wie Dútslân opdield yn twa dielen, West- en East-Dútslân.

Nei de ein fan it kommunisme yn Jeropa yn 1990, wie Dútslân werienige; it nije Dútslân en Frankryk binne in grut part fan de Jeropeeske Uny, in groep fan lannen dy't in bettere gearwurking yn Jeropa befoarderje op it mêd fan polityk, miljeu en ekonomy.

[bewurkje seksje] Geografy

It Alpengea yn Beieren
It Alpengea yn Beieren
Eilân Rügen yn it Noarden
Eilân Rügen yn it Noarden

[bewurkje seksje] Hichte

Dútslân wurdt fan it suden nei it noarden hieltyd leger. Yn it suden lizze de Beierske Alpen mei de Zugspitze as heechste punt. Dan komt it middelberchte fan de Swabyske Alpen en de Frankyske Alpen en it Sauerlân en de Harts. Dêrfoarby leit it Noarddútsk leechlân, mei it djipste punt yn Neuendorf yn Sleeswyk-Holstein.

[bewurkje seksje] Eilannen

Yn de Eastsee lizze tsjin de kust oan noch in tal Dútske eilannen, en yn de Dútske Waadsee lizze de waadeilannen. En fierder fan it fêstelân ôf leit yn de Dútske Bocht it eilân Helgolân.

[bewurkje seksje] Rivieren

De Donau rint fan west nei east troch Súd-Dútslân, en giet dan fierder de grins mei Eastenryk oer. De Ryn streamt bylâns de grins mei Switserlân en de grins mei Frankryk, en streamt dan fierder nei it noarden oant dy de grins mei Nederlân oergiet. Yn it leechlân streame de Eems, de Weser en de Elbe nei it noarden en noardwesten nei de Noardsee. Yn Meklenburch-Foarpommeren streame ferskate lytse rivierkes nei de Eastsee. De Neise en Oder foarmje de grins mei Poalen, oant de Oder it lêste stik troch Poalen nei see streamt.

[bewurkje seksje] Demografy

Dútslân hat 82,5 miljoen ynwenners wêrfan 32,5% net religjeus is. Mei 31,2% (25,7 miljoen) op 31-12-2006 is it roomsk-katolyk it grutste leauwen, dêr't de oanhingers fan foar it meastepart yn it westen en suden wenje. Hast 31% an de befolking (25,4 miljoen) is protestant, dy wenje benammen yn it noarden. It tal minsken dat sneins yn 'e tsjerke sit is 4,4 persint (2006) by de katoliken en sa'n oardel persint (2005) by de protestantske tsjerke. Yn Dútslân is in lytse Joadske mienskip mei 0,2 miljoen en likernôch 3,3 miljoen moslims.

Mear as de helte fan de befolking yn it gebiet dat eartiids East-Dútslân wie en yn 'e dielsteat Hamburch leaut net.

De katolike en protestantske tsjerken en de synagogen krije jild fan de steat. Suver alle ynwenners fan it lân prate Dútsk. Utsein de Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein, de Friezen yn it Sealterlân (East-Fryslân) de Sorben yn East-Dútslân (Brandenburch en Saksen), en de sigeuners ferspraat oer it hiele lân. Dy folksgroepen hawwe op Jeropeesk en Dútsk nivo erkenning.

Oan it begjin fan de santiger jierren hawwe miljoenen gastwurkers út oare lannen wei har nei wenjen set yn Dútslân. Meiïnoar binne der 7 miljoen bûtenlanners, dêr't it tal Dútsers mei op 82,5 miljoen komt. De grutste ymmigrantetalen binne it Arabysk, Koerdysk (0,3%) en it Turksk (1,8%).

Der wenje ek Dútsers yn oare lannen, benammen yn East Jeropa, dy groepen hjitte Folksdútsers, dy't sûnt de midskieuwen al nei it bûtenlân tsjogge. Dy groepen hawwe noch hieltyd de Dútske kultuer en prate Dútsk. Yn guon East Jeropeeske lannen binne dy erkend as nasjonale minderheid.

[bewurkje seksje] Dielsteaten

Dielsteaten fan Dútslân.

De 16 dielsteaten (Bundesländer, iental: Bundesland) binne:

  1. Baden-Wúrtemberch (Baden-Württemberg)
  2. Beieren (Bayern)
  3. Berlyn (Berlin)
  4. Brandenburch (Brandenburg)
  5. Bremen
  6. Hamburch (Hamburg)
  7. Hessen
  8. Meklenburch-Foarpommeren (Mecklenburg-Vorpommern)
  9. Nedersaksen (Niedersachsen)
  10. Noardryn-Westfalen (Nordrhein-Westfalen)
  11. Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz)
  12. Saarlân (Saarland)
  13. Saksen (Sachsen)
  14. Saksen-Anhalt (Sachsen-Anhalt)
  15. Sleeswyk-Holstein (Schleswig-Holstein)
  16. Túringen (Thüringen)

[bewurkje seksje] Polityk

Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk-parlemintêre bûnssteat. De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949. De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn 'e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde. De lêste feroaring wie yn 2006. Guon artikelen, dêr't de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is, kinne net feroare wurde.

Dútslân hat 16 dielsteaten (Bundesländer) (sûnt 1990, dêrfoar wie it East- en West-Dútslân). De bûnssteat is it machtichst ("Bundesrecht bricht Landesrecht"), mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech. De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed.

Bûnspresidint Horst Köhler
Bûnspresidint Horst Köhler

Dútslân hat algemien stimrjocht (sûnt 1918) fan 18 jier ôf (soms ek fan 16 jier ôf foar de regionale ferkiezings), en hat in twakeamersysteem. De bûnsdei hat op syn minst 598 leden, en wurdt alle fjouwer jierren troch it folk keazen. Yn it kiessysteem fan de Bûnsdei is der in mearderheids en distriktenstelsel. By de ferkiezings is der in kiesdrompel fan fiif persint.

De bûnsrie hat 69 leden, dat binne de fertsjintwurdigers en dielsteatregearen (net fan de dielsteatbefolking). Baden-Wúrtemberch, Beieren, Nedersaksen en Noardryn-Westfalen hawwe seis stimmen, Hessen hat fiif, Berlyn, Brandenburch, Rynlân-Palts, Saksen, Saksen-Anhalt, Sleeswyk-Holstein en Túringen hawwe elk fjouwer, Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren en it Saarlân hawwe trije stimmen. Der moat sa stimd wurde, dat net in lid stimt, mar it bûnslân. Dat wol sizze, dat as Hessen foar 'A' stimt, kar 'A' fiif stimmen hat. Federale wetten dy't mei it foech fan de dielsteaten te krijen hawwe, of saken dy't de dielsteaten dwaan moatte, moatte earst troch de bûnsrie goedkard wurde.

De dielsteaten hawwe in eigen grûnwet, regear en parlemint. De dielsteatparleminten wurde yn fjouwer dielsteaten nei fjouwer jier keazen, yn de oare tolve dielsteaten bart dat alle fiif jierren.

It haad fan de steat, de Bûnspresidint, is der om de steat te fertsjintwurdigjen en wurdt alle fjouwer jierren troch de Bûnsgearkomste keazen. De Bûnspresidint kin mar ien kear op 'e nij keazen wurde.

De bûnskânselier is it haad fan it regear, en dy beskiedet de rjochtlinen fan de polityk. De kânselier wurdt troch de Bûnsdei, nei in útstel fan de presidint, keazen. Hy/hja wurdt, krekt as syn ministers, troch de presidint beneamd.

[bewurkje seksje] Militêr

Dútske namme Fryske namme Tal soldaten
Heer lânmacht 115.147
Marine marine 25.000
Luftwaffe loftmacht 62.700
Zentraler Sanitätsdienst sintrale medyske tsjinst 17,690
Streitkräftebasis stypjende ienheid 47.713

It leger fan Dútslân, de Bundeswehr, hat ferskate ûnderdielen lykas Heer (lânmacht), Marine (marine), Luftwaffe (loftmacht), Zentraler Sanitätsdienst (sintrale medyske tsjinst) en Streitkräftebasis (stypjende ienheid). It tsjinplichtsysteem is net sa dat eltse man fan 18 jier tsjinsplicht dwaan moat. Der is noch altiten in soarte fan tsjinstplicht mar dat kin ek Zivildienst (rûch oerset as boargertsjinst) wêze, of frijwilliger by in brânwacht of it Reade Krús. Yn 2003 besleinen de militêre útjeften 1.5% fan it BYP.

[bewurkje seksje] Ekonomy

Frankfurt is it finansjele sintrum fan Dútslân
Frankfurt is it finansjele sintrum fan Dútslân

Dútslân hat de grutste nasjonale ekonomy yn Jeropa, en is de tredgrutste fan de wrâld. Sûnt de 18e ieu is Dútslân in lân dat de motor fan Jeropa west hat, mei nije ûntjouwingen by de rûs. De eksport fan guod fan Dútslân nei oare lannen is ien fan de redenen fan de wolfeart. Dútslân is it grutste eksportlân mei $1.133 triljoen oan eksportearre saken yn 2006 en de hannelbalâns wie €165 biljoen yn 'e plus.[1]

De tsjinstensektor smyt likernôch 70% fan it Bruto Ynlânsk Produkt op, de yndustry 29,1 persint en de lânbou 0,9%. Gâns produkten komme fan yngenieurs, lykas auto's, masines, metaal, en gemysk guod. Dútslân is lieder op it mêd fan duorsume enerzjy technology. De grutste, jierlikse, ynternasjonale hannels eveneminten en kongressen wurde yn stêden as Hannover, Frankfurt and Berlyn holden.

Fan de grutste bedriuwen fan de wrâld dy't by in oandielenmerk ynskreaun binne, hawwe neffens Fortune Global 500, de 37 bedriuwen mei de grutste omset har haadkertier yn Dútslân. De tsien grutsten binne Daimler, Volkswagen, Allianz (bedriuw mei de measte winst), Siemens, Deutsche Bank (bedriuw mei de twadmeaste winst), E.ON, Deutsche Post, Deutsche Telekom, Metro en BASF.[2] De Deutsche Post, Robert Bosch en Edeka binne de grutste wurkjouwers.[3] Wrâldferneamde bedriuwen binne Mercedes Benz, SAP, BMW, adidas, Audi, Porsche en Nivea.[4]

Dútslân wie yn 2006 it grutste eksportlân fan guod
Dútslân wie yn 2006 it grutste eksportlân fan guod

Dútslân is in sterk foarstanner fan Jeropeeske ekonomyske en politike yntegraasje, en it kommersjele belied wurdt fierhinne beskieden troch oerienkomsten mei lidsteaten fan de Jeropeeske Uny (JU) en de wetjouwing fan JU mienskiplike merk. Dútslân hat de mienskiplike Jeropeeske munt, de euro, en it monetêre belied komt fan de Jeropeeske Sintrale Bank yn Frankfurt. It modernisearjen en yntegrearjen fan de ekonomy yn East-Dútslân bliuwt in dreech proses en duorret oant 2019, alle jierren giet der sa'n $80 biljoen nei East-Dútslân. Der is in delgong fan wurkleazens, en it tal wurkleazen yn novimber 2007 wie 8,1%.[5] It persint wurkleazen yn it gebiet dat oant 1990 West-Dútslân wie is 6.7% en yn it gebiet dat oant 1990 East-Dútslân wie binne dat 13.4%.

[bewurkje seksje] Ynfrastruktuer

De haven fan Hamboarch is de twadgrutste fan Jeropa en njoggengrutste fan 'e wrâld
De haven fan Hamboarch is de twadgrutste fan Jeropa en njoggengrutste fan 'e wrâld

Yn 2002 wie Dútslân nûmer fiif op 'e list fan lannen dy't it measte enerzjy ferbrûke, en twa-tredde part dêrfan wie ymportearre. Yn itselde jier wie Dútslân de grutste Jeropeeske ferbrûker fan elektrisiteit; it elektrisiteitsferbrûk yn dat jier wie 512.9 kilowatt yn it oere. It Dútske regear komt mei inisjativen wat duorsume enerzjy oangiet, hja wolle dat duorsume enerzjy yn 2050 50% fan de totale streamfoarsjenning beslacht. Yn 2000 wie der in oerienkomst fan it regear dêr't yn stie dat der yn 2021 gjin nuklêre sintrales mear yn Dútslân wêze meie. [6] Yn 2006 besloech duorsume enerzjy mar 1.3% fan de totale streamfoarsjenning.

De ICE
De ICE

Omdat Dútslân op in sintraal plak yn Jeropa leit is it in lân fan belang wat transport oanbelanget. Dútslân hat in drok transport netwurk dat ek noch fan dizze tiid is. De Dútske sneldiken (Autobahn) is it tredgrutste sneldikenetwurk fan 'e wrâld der binne op de measte plakken gjin faasjebeheinings.

De meast wichtige stêden fan Dútslân binne ferbûn mei in faasjetrein. De InterCityExpress of ICE rydt ek nei oare lannen. De faasje fan de trein is tusken de 160 km/h en 300 km/h. De Deutsche Bahn stiet noed foar de ICE dy't om it healoere, oere of oardeloare by de stasjon delrydt.[7]

[bewurkje seksje] Gearwurking

Dútslân is sûnt 1950 lid fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1955 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. East-Dútslân wie fan 1955 oant 1990 stiftend lid fan it Warsjaupakt. Dútslân is in stiftend lid fan de Jeropeeske Uny (1957). Sûnt 1973 is Dútslân lid fan de Feriene Naasjes.

[bewurkje seksje] Referinsjes

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com