Jardinga
Ut Wikipedy
Jardinga is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Jardinga leit yn de himrik fan Easterwâlde. It leit benoarden Easterwâlde en súdeastlik fan Donkerbroek.
Jardinga is net in folslein esdoarp, mar mear in groep buorkerij-essen. De struktuer is tsjintwurdich ek noch goed werom te kennen yn it lânskip.
It krige syn namme trooch in eardere aadlike state mei dy namme dy't dêr sawat stien hat. By Jardinga hat yn de prehistoarje in slachtplak west. Dat konkludearje argeologen út Grins no't se opnij skonken en in fjoerstien út 5000 foar Christus fûn ha. De skonken binne fan in okse en in hart.