Leppelbek
Ut Wikipedy
Leppelbek | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Platalea leucorodia |
De Leppelbek is in fûgel út de famylje fan de Wylpreagerfûgels.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Leppelbek is in grutte fûgel, hast like grut as de Ielreager en de Earrebarre. De Leppelbek sit hielendal wyt yn de fearren. Allinnich op it boarst hat binne de fearren wat giel. Fierder hat der lange swarte poaten en in lange brede snaffel dy't op it ein in stik breder is, fandêr ek de namme leppelbek. De leppelbek hat ek in opfallende wytgiele tûfe dy't yn de nekke falt.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De leppelbek komt foar yn it súden fan Jeraazje, fan Spanje oan't en mei Japan. Yn Nederlân sitte ek in tal koloanjes, op de waadeilannen, it Naardermar en de Oostvaarders Plassen.
[bewurkje seksje] Iten
De Leppelbek yt meast lytse fiskjes, frosken, ynsekten en oare wetterdierkes. By it itensykjen rinne se troch ûndjip wetter wylst se harren snaffel hin en wer troch it de boppeste slyklaach helje.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Sa as al neamd, briedt de Leppelbek yn koloanjes. Se meitsje harren nêst meast yn de reiden op de grûn. Dat jout benammen yn droege tiden foksen de kâns om de aaien of jongen te pakken. De Leppelbek leit 3-5 aaien dy't yn 20-25 dagen útbred wurde.