Libbe de Jong
Ut Wikipedy
Libbe de Jong (* 1951 - 27 jannewaris 2005), slachtoffer fan geweld. De Jong waard tongersdei 27 jannewaris 2005 dea fûn yn syn wenning oan de Erica yn Wolvegea, en is fermoarde. It Nederlânsk Foarinsysk Ynstitút hat dat doe fêststeld, sa melde plysje Fryslân. Hoe't de man om it libben brocht is, wol de plysje yn it belang fan it ûndersyk net sizze. Plysjeminsken fûnen it stoflik omskot fan de man nei't syn famylje him as fermist opjûn hie. Libbe hat earder eigener west fan Kafee de Veehandel oan de Markt yn Dokkum.