Web Analytics

https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Ljouwerteradiel - Wikipedy

Ljouwerteradiel

Ut Wikipedy

Gemeente Ljouwerteradiel
Flagge fan de gemeente Ljouwerteradiel    Wapen fan de gemeente Ljouwerteradiel
(Flagge fan Ljouwerteradiel) (Wapen fan Ljouwerteradiel)
Lokaasje fan de gemeente Ljouwerteradiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster E.J. ter Keurs
Haadplak Stiens
Gebiet
- wetter
41,38 km²
-  0,58 km²
Ynwenners 10.493
Ferkearsieren N357, N393
Netnûmer 0518, 058
Postkoades 9051-9057 9071-9072
Offisjele webstee www.leeuwarderadeel.nl

Ljouwerteradiel (Leeuwarderadeel) is in gemeente yn it noarden fan Fryslân, mei 10.493 ynwenners (1 jannewaris 2006), en in gebiet fan 41,38 km2, wêrfan 0,58 km2 wetter. Ljouwerteradiel is in agraryske gemeente, mar der wenje ek in soad op-en-del-reizgers.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Ljouwerteradiel wie eartiids de Gritenij om Ljouwert hinne. It wie opsplitst yn trije Trimdielen. Sawat 1435 waart it Middeltrimdiel ta gebiet fan de stêd Ljouwert. Yn 1944 is ek it Sudertrimdiel part fan no de gemeente Ljouwert wurden, sa't it Ljouwerteradiel fan hjoed de dei allinich it Noardertrimdiel is.

It haadplak fan de gemeente is Stiens, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeleie, Britsum, Feinsum, Hijum, Jelsum en Koarnjum. Fierders leit ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn de gemeente.

[bewurkje seksje] Bestjoerlike gearwurking

Ljouwerteradiel wurket gear mei oare gemeenten. Sa wurket Ljouwerteradiel yn it BOS-L-ferbân op it mêd fan folkshúsfesting gear mei de gemeenten om Ljouwert hinne, yn it Middelseeferbân op it mêd fan ûnder oare ICT en mei acht oare gemeenten wurdt gearwurke op it mêd fan sosjale saken en wurk.

[bewurkje seksje] Bysûndere âlde gebouwen

Yn it foarste plak hat de gemeente in oantal Ryksmonuminten. Omdat Ljouwerteradiel in lytse plattelânsgemeente is, binne it der net sa folle. Yn totaal hat de gemeente 25 Ryksmonuminten (1 novimber 2007). De meast bysûndere binne Martenastate yn Koarnjum en Dekemastate yn Jelsum. Dekemastate is de âldste state fan Fryslân. De oare Ryksmonuminten binne tsjerken (6), pleatsen (9), mûnen (4) wenhûzen (3) en in brêge.

De gemeente hat gjin gemeentelike monuminten oanwiisd. De provinsje Fryslân hat ek (noch) gjin gebrûk makke fan de mooglikheid om provinsjale monuminten oan te wizen.

In oantal oare bysûndere gebouwen, dy't gjin Ryksmonumint binne, binnen de folgjende. Yn it foarste plak de blikfanger "De Hoop", in mûne yn it sintrum fan Stiens. De mûne is yn 1847 boud, mar is yn 1922 ôfbrútsen, sa dat der alinnich noch mar in romp oer wie. Yn de jierren santich fan de tweintichste ieu is de mûne op 'e nij boud, en begjin jierren njoggentich restaurearre. Net lang dêrnei kaam der by de jierwiksel in fjoerpylk yn it reiten tek telâne en is de mûne ôfbaarnd. Doe mûne is doe wer op 'e nij opboud. De mûne is gjin Ryksmonumint omdat der net genôch autentike eleminten mear yn de mûne oanwêzich binne.

De remise oan de Lútskedyk yn Stiens.
De remise oan de Lútskedyk yn Stiens.

In oar bysûnder gebou is in âlde remise oan de Lútskedyk yn Stiens. De remise is bysûnder omdat it boud is yn in suderske styl dy't yn it noarden net faak foarkomt. De remise is lykwols gjin Ryksmonumint, omdat op it stuit dat de remise oandroegen waard as monumint, it Ryk him op it stânpunt stelde dat alle bysûndere gebouwen út dizze periode al monumintaal ferklearre wienen. It advys fan de gemeente om de remise ta Ryksmonumint te ferklearjen, wie nammers negatyf, omdat autentike eleminten sa as de ruten en de spoarrails der net mear binne. Op it stuit wurdt de remise brûkt as opslach foar jierappels.

De âlde grifformearde tsjerke oan de Uniawei yn Stiens.
De âlde grifformearde tsjerke oan de Uniawei yn Stiens.
De âlde grifformearde tsjerke oan de Liuwe Jellingastrjitte yn Britsum.
De âlde grifformearde tsjerke oan de Liuwe Jellingastrjitte yn Britsum.
De âlde grifformearde tsjerke oan De Streek yn Aldeleie.
De âlde grifformearde tsjerke oan De Streek yn Aldeleie.

Fierders binne der yn de gemeente noch in tal grifformearde tsjerken. Trije dêrfan wurde net mear brûkt as tsjerke. It giet om de grifformearde tsjerken oan de Uniawei 37 yn Stiens, dy't brûkt wurdt as opslach foar de meubelhannel Snijder, oan de Liuwe Jellingastrjitte yn Britsum, dy't as opslach brûkt wurdt troch Hayma fietsen-witgoed, en oan De Streek 7 yn Aldeleie, dy't efter in wenhûs stiet en as wurkplak foar de metaalbewurking brûkt wurdt.

De âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei yn Jelsum.
De âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei yn Jelsum.
De âlde skoalle oan de Greate Buorren yn Britsum.
De âlde skoalle oan de Greate Buorren yn Britsum.
De âlde sneinsskoalle oan de Leyester Hegedyk yn Aldeleie.
De âlde sneinsskoalle oan de Leyester Hegedyk yn Aldeleie.

De gemeente hat ek trije skoalgebouwen dy't harren funksje ferlern hawwe en bysûnder binne fanwegen harren kultuerhistoryske wearde. It giet om in skoalle oan de Boarnsylsterwei 3 yn Jelsum, dy't troch in leauwensmienskip as aktiviteitegebou brûkt wurdt, om in skoalle oan de Greate Buorren 5 yn Britsum, dy't troch Talant as aktiviteiteromte brûkt wurdt, en om in âld sneinsskoalle oan de Leyester Hegedyk 3 yn Alde Leie, dy't op dit stuit net brûkt wurdt.

[bewurkje seksje] Beskerme doarpsgesicht

Jelsum hat as iennichste doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel in beskerme doarpsgesicht. Op grûn fan de Monumintewet 1988 hat in part fan it doarp yn it bestimmingsplan de bestimming: "beschermd dorpsgezicht" (beskerme doarpsgesicht). Yn it bestimmingsplan wurde foarskriften jûn om foar te kommmen dat it historyske gesicht oantaaste wurdt. Troch dit bestimmingsplan, en omdat yn Jelsum gjin wenningbou plege wurde mei omdat it op de oanfleanrûte fan de militêre fleanbasis fan Ljouwert leit, hat Jelsum syn autentike doarpsgesicht behâlde kinnen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Eksterne ferwizing

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com