Lytse Geast
Ut Wikipedy
Lytse Geast is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It leit op in sânkop sawat trije kilometer east fan Ljouwert en oardel kilometer súdwest fan Gytsjerk en leit east fan Tytsjerk. It sompige gebiet is healwei de 20e ieu droechlein.
It buorskip lei eartiids yn de himrik fan Tytsjerk en bestiet no út in 50 huzen. Lytse Geast hat in eigen Feriening foar Doarpsbelangen. Foar nije ynwenners is in map oanlein mei ynformaasje oer alle wenten en har bewenners.
By Lytse Geast lizze twa einekoaien: de Mulderskoai en de Casteleinskoai. Se binne net iepensteld en yn behear by It Fryske Gea.