Tytsjerksteradiel
Ut Wikipedy
Gemeente Tytsjerksteradiel
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | G. J. Polderman | ||||||
Haadplak | Burgum | ||||||
Gebiet - wetter |
161,42 km² - 10,10 km² |
||||||
Ynwenners | 32.137 | ||||||
Ferkearsieren | N355, N361 | ||||||
Netnûmer | 058, 0511 | ||||||
Postkoades | 9061 - 9265 | ||||||
Offisjele webstee | www.tytsjerksteradiel.nl |
Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk) is in gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert, yn De Wâlden. De gemeente hat 32.137 ynwenners (1 jannewaris 2006), en in oerflak fan 161,42 km², dêrfan 10 km² wetter.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is Burgum, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldtsjerk, Earnewâld, Eastermar, Garyp, Gytsjerk, Hurdegaryp, Jistrum, Mûnein, Noardburgum, Oentsjerk, Ryptsjerk, Sumar, Suwâld, Tytsjerk en Wyns.
De buorskip Bartlehiem, by Aldtsjerk, bekend troch de Alve Stêden, heart ek ta Tytsjerksteradiel.
De gemeente brûkt sûnt 1998 Fryske plaknammen.
Op'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamt.