Meinesleat
Ut Wikipedy
De Meinesleat, earder ek wol Meinsleat, is in feart yn Boarnsterhim dy't de ferbining foarmet tusken Akkrum en Terherne.
De Meine sleat begjint oan de westkant fan Akkrum, yn de Kromme Knillis. Fan dêr rint de sleat nei it súdwesten en krúst it Diel. Hjirfoarby giet er fierder oant er op it Krúswetter by Terherne útkomt.
De Meinesleat jildt tegearre mei de Nesker Sylroede as alternatyve ferbining tusken Grou en de Snitser Mar, foar wa net oer it Prinses Margrietkanaal wol. It part besuden it Diel jildt as iepenbier far, foar de ferbining mei it Hearrenfean. Yn Akkrum leit oan de súdeastkant de jachthaven Tusken de Marren. Alles byelkoar kin it er botte drok wêze.