Grou (doarp)
Ut Wikipedy
It doarp Grou is it haadplak fan de gemeente Boarnsterhim, mei 5.869 ynwenners (1 juny 2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Grou it haadplak fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Eartiids wie it in doarp fan boeren, fiskers en skippers, trochsnien mei fearten en havens. In soad werven en seilmakkerijen sieten yn de baaien en havens om Grou hinne. In soad hjirfan is noch werom te finen yn de strjitnammen dy't de namme fan in protte dimpte fearten krigen hawwe.
[bewurkje seksje] Wetter
Grou leit oan de Pikmar, it Prinses Margrietkanaal en it âlde rivierke de Grou (wetter). Troch de lizzing by al dit wetter hat it doarp foarm krigen as arsjipeldoarp, en hat him in soad wettersport en toerisme ûntwikkele. Under oaren is dit it plak fan sylferiening Eastergoa, fan it SKS-skûtsje it Doarp Grou, en fan de sylskoalle Oer 't Hout yn kombinaasje mei Stayokay Grou. Ek binne der yn Grou ferskate jachtwerven te finen.
[bewurkje seksje] Sint-Piter
Njonken de wettersport is it doarp hjoeddedei fral bekend om't it it lêste plak is dêr't alle jierren op 21 febrewaris noch Sint-Piter fierd wurdt. Grou hat ek in reden om dat te fieren om't de tsjerke in Sint-Pitertsjerke is.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Behalve oer it wetter is Grou fia de wei en oer it spoar te berikken. It is ien fan de stasjons oan it spoar fan Swol nei Ljouwert, en it leit oan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Hjirmei hat Grou ek in part op-en-del-reizgers. Mei busline 28 kin reizgje wurde nei Ljouwert en nei It Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Bruorren Halbertsma
De Bruorren Halbertsma binne yn Grou hikke en tein. Se hawwe in soad dien foar it Frysk. Hja skreaunen bg.‘Rimen en Teltsjes’. Eeltsje Halbertsma (1797-1858), wie húsarts en skreau de tekst fan it Fryske Folksliet. By de tagong fan it Wilhelminapark stiet in boarstbyld út 1904 fan him. Yn Museum de Trije Gritenijen is in soad werom te finen fan dizze bruorren.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang. "De Grouster" is de online krante fan Grou.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje] Berne yn Grou
- Pibo Ovittius van Abbema (ca. 1542-1618), predikant
- Bruorren Halbertsma,(Joost, Eeltsje en Tsjalling
- Atje Keulen-Deelstra (1938),reedrydster
- Haitske Valentijn (1954), reedrydster
[bewurkje seksje] Keunstiisbaan
Op 23 desimber 2007 hat Grou in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn de iepenloft te iepenjen. It saneamde "Glice-ijs" is betocht troch Eric Sinnema út Aldtsjerk en is neffens Sinnema net te fergelykjen mei keunststofiisbanen dy't yn de Feriene Steaten foarkomme[1].