Noardkaap
Ut Wikipedy
De Noardkaap (Noarsk: Nordkapp) oan de Barentszsee wurdt tradysjoneel beskôge as it noardlikste puntsje fan it Jeropeeske kontinint. De Noardkaap leit op in eilân, dat mei in tunnel fan de fêstewâl ôf te berikken is. It leit op 71° 10' 21" NB, yn de gemeente Nordkapp tichteby Hammerfest, yn Noarwegen. De kaap leit op 2080 km fan de Noardpoal.
De Noardkaap is lykwols net it noardlikste punt fan Jeropa. De eilannegroep Frans Jozeflân dat op sa. 600 km te noarden fan de Noardkaap leit, heart ek ta Jeropa. De Noardkaap is likemin it noardlikste punt fan it Jeropeeske kontinint, mar Knivskjellodden dat om-ende-by oardel kilometer noardliker leit.
It wie in Ingelske seefaarder Richard Chancellor dy't de kaap har namme joech. Hy wie yn 1553 op siik nei de Noardeastlike trochgong nei Yndia. In drokke handel tusken Ingelân en Moermansk wie hjirfan it gefolch.
Op 25 desimber 1943 fûn tichteby de Noardkaap in seeslach plak dêr't it slachskip de Scharnhorst ta sinken brocht waard. Fan de 1934 opfarrenden oerlibbe mar 36 man de katastrofe.
Yn it winter tiidrek is de Noardkaap mar beheind iepen.