Odo Botnia
Ut Wikipedy
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje; pas nei kontrôle it artikel oan. |
Odo Botnia (1399) wie de fjirtjinde potestaat fan Fryslân en opfolger fan Gale Hania.
[bewurkje seksje] Libben
Odo wie de soan fan Feicko Botnia, in ealman fan Marrum, dy't dêr op de stins Botnia wenne. Hy wie in neisiet fan de âlde Odo Botnia, dy't al yn it jier 900 yn Marrum in stins boude. Dizze stins waard yn it jier 1708 noch bewenne troch Helena Botnia, as lêste fan de Botnia's.
Hy wie in dipper, ûnferfeard en "kloekmoedich" kriichsman, dy't, mei syn sweager Jackla Jeppema, in skrik ûnder de Skieringers fersprate en dy't, holpen troch de konversen fan Foswert, troch moardzjen, baarnen en rôvjen, de Skieringers yn Westergoa in ferskuorrende protte neidiel tabrocht hat.
De skieringers Sytse Dekama en Gale Hania wienen nei sân jier tsjinst yn it bûtenlân by frjemde steaten weromkomd. By harren weromkommen fûnen se harren stinzen yn Weidum troch de Fetkeapers ferwoaste. Dit wie de oanlieding foar it gefjocht op de Menamer mieden.
Op 18 augustus 1397 wie it gefjocht op de Menaumer mieden tusken Marsum en Dronryp, wêrby't Odo Botnia slim ferwûne rekke. Hy waard letter opfolge troch Sjoerd Wiarda.
[bewurkje seksje] Situearring
Yn dizze perioade wienen der swiere godstsjinstige twisten tusken de Skieringers en de Fetkeapers.
[bewurkje seksje] Boarne
- H.G. Cannegieter, Het klooster Foswerd, yn: Friesche Volks-almanak voor het jaar 1846, Snits 1845, Mengelwerk s. 44-58. Ek digitaal beskikber.