Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Pieter Jelles Troelstra - Wikipedy

Pieter Jelles Troelstra

Ut Wikipedy

Pieter Jelles Troelstra lofts mei Hjalmar Branting
Pieter Jelles Troelstra lofts mei Hjalmar Branting

Pieter Jelles Troelstra (20 april 1860, Ljouwert - 12 maaie 1930, De Haach) is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn 1918, yn neifolging fan de Russyske revolúsje, yn Nederlân de sosjalistyske revolúsje útrôp. Dêrnjonken hat Troelstra yn Fryslân as Piter Jelles namme makke as dichter en skriuwer.

[bewurkje seksje] Biografy

Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan 1868 oant 1875 hat er yn Stiens wenne. Syn heit, Jelle Troelstra, wie dêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.

Yn middelbere-skoalletiid wie Troelstra al in fel strider en organisator en bliek er ek literêre jeften te hawwen. Hy kaam yn kontakt mei skriuwers as Tsjalling Halbertsma en Onno Sytstra. Mei dy lêste redigearre hy yn 1881 de dichtbondel It jonge Fryslân. Mei Oebele Stellingwerf sette hy it toanielselskip Gysbert Japiks op.

Fan 1882 oant 1888 studearre Troelstra rjochten yn Grins. Syn literêre aktiviteiten sette hy troch. Hy siet yn de redaksje fan it literêre tydskrift For hûs en hiem en fan it Nij Frysk lieteboek, dat yn 1886 ferskynde. Tagelyk ûntwikkele Troelstra him mear en mear as polityk strider, sawol yn de Fryske beweging as yn de sosjalistyske.

Yn 1888 troude Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer, dy't ûnder it pseudonym Nynke fan Hichtum bekend wurden is as berneboekeskriuwster. It pearke krige twa bern, Dieuwke en Jelle.

Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as adfokaat yn Ljouwert. Hy waard yn 1890 lid fan de Fryske Folkspartij, mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhûze yn 1893 nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra oan de widze fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en yn 1897 kaam hy foar dy partij yn de Twadde Keamer. Dêr toande hy him in fûleindich anty-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel Rispinge, in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de ferzen.

Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as adfokaat fan de bruorren Hogerhuis (de Hogerhuissaak) waard Troelstra nei 1897 ferneamd yn hiel Nederlân. It proses tsjin de trije fan in rôfoerfal beskuldige bruorren, dy't altyd folhâlden hawwe ûnskuldich te wêzen, krige yn dy tiid in protte omtinken en waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich.

It houlik tusken Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op'e non en waard yn 1907 offisjeel ûntbûn, wernei Troelstra op'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.

Nei it útbrekken fan de Russyske revolúsje, seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn 1918 ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Oan syn oprop waard suver gjin gehoar jûn. Foar Troelstra wie dat in grutte teloarstelling. Hy luts him stikje by bytsje werom út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel Gedenkschriften syn memoares. Op 12 maaie 1930 is er yn De Haach ferstoarn.

It monumint foar Piter Jelles yn Stiens
It monumint foar Piter Jelles yn Stiens

Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint, troch Tsjipke Visser, is der yn 1933 kommen, hoeke Langebuorren - It Achterbosk. Dat koe mei stipe fan leden fan de Fryske beweging, ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: Oan de neitins fen Piter Jelles - Frysk dichter en skriuwer - Fen de Friezen 20-4-1933. De strjitte dêr't er yn Stiens wenne hat, hjit no Piter Jellessingel.

Yn 1973 eare de gemeente Ljouwert Troelstra troch in nije literatuerpriis, de Piter Jellespriis, nei him te neamen. Ek is de ISM Pieter Jelles, yn Ljouwert en omkriten, neamd nei Troelstra.

[bewurkje seksje] Bibliografy

  • 1881: Fryske Brilloftswille
  • 1881: Oan 'e Sédyk
  • 1881: Wiersizzer fan âlde Foekje fan Heech
  • 1881: It jonge Fryslân
  • 1885: Fij, Lútsen!
  • 1886: Nei de Stoarm
  • 1886: Nij Frysk Lieteboek
  • 1909: Rispinge
  • 1910: Fen Liet en Libben
  • 1930: Gedenkschriften
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com