Plektrudis
Ut Wikipedy
De hillige Plektrudis ( - Keulen, 10 augustus 725) wie troud mei Pipyn fan Herstal. Yn dit houlik waarden twa soannen berne, Drogo en Grimoald, wêrfan Grimoald trouwe soe mei de dochter fan kening Redbad. Tegearre mei har man stifte sy in protte tsjerken en kleasters. Nei de dea fan Pipyn bemuoide sy har mei klam mei de lânspolityk, dochs waard sy troch har styfsoan Karel Martel yn 717 út it paleis ferdreaun en luts sy har werom yn it kleaster.
Har hjeldei is op 10 augustus.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Portret yn Digitaal Vrouwenlexicon