Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Redbad - Wikipedy

Redbad

Ut Wikipedy

Fryske kening
Redbad
tiidrek 680 -719
foargonger Aldgillis
opfolger Poppo?

Redbad, of Radboud (likernôch 647 - 719), wie in Fryske kening. Under syn regear berikt it Fryske Ryk syn grutste útwreiding.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Famylje

Redbad libbe yn de iere Midsieuwen, in tiidrek dêr't net folle skreaune boarne oerlevere binne. Mooglik wie hy de soan fan kening Aldgillis. Mei wa at er boaske wie is net bekend. Neffens de primêre boarnen hied er ien elts gefal in dochter dy't troud wie mei de soan fan hofmeier Pipyn, en der wie sprake fan in soantsje dat as lyts bern ferstoar. [1] Lettere skriuwers hawwe it der oer dat er mooglik fjouwer bern hie: Aldgillis, Poppo, Aldgillis II en Thiadsvind.

[bewurkje seksje] Kriich foar 690

Almeast wurdt oannaam dat Redbad syn heit yn 679 opfolge. It Fryske ryk dat er oernaam wie yn it suden al lytser wurden: de Franken hienen de Friezen werom dreaun nei de Ryn. Doe't nei syn heit yn 680 ek de Frankyske lieder hofmaarskalk Ebroïn ferstoar, wist Redbad gebrûk te meitsjen fan de opfolgingsproblemen by de Franken en befrijde er it gebiet tusken de Ryn en Skelde. Mar nei't yn 687 Pipyn II by de Franken de macht krige, waard it gebiet wer ynnaam troch de Franken. Yn 689 ferlear Redbad de Slach by Dorestêd, mar noardliker as Dorestêd kamen de Franken noch net.

[bewurkje seksje] Frede

Nei 690 liket der in soart fan bestân tusken Friezen en Franken west te hawwen. Redbad syn dochter Thiadsvind boaske yn 695 mei Grimoald, de soan fan Pipyn, mar der binne gjin bern fan harren bekend. Neffens de leginde wie de frede op dat stuit sa folslein dat Willibrord, dy't oan dy tiid allinnich yn de gebieten dy't de Franken ynnaam hienen kerstene, oan it hof fan Redbad komme mocht. It soe like hawwe as woe Redbad him foar de frede ek noch kerstenje litte, mar úteinlik moat er dochs keazen hawwe foar it leauwen fan syn folk en syn âldfaars. Hjirefter bekuolle de relaasje tusken Redbad en de misjonarissen, en by syn libben hienen se net folle ynfloed op Frysk gebiet.

[bewurkje seksje] Kriich nei 714

Doe't Pipyn yn 714 ferstoar makke Redbad op snoade wize gebrûk fan de situaasje doe't by de Franken problemen ûntstiene mei de opfolging. Hy sleat in ferbûn mei de Frankyske hofmeier Ragenfrid en syn legers koenen yn 716 oan Keulen ta yn it gebiet fan de Franken ynkringe. Op dy wize koe er ek alle Fryske gebieten besuden de Ryn, it saneamde citerior Frisia befrije. De legers kamen foarsjoen fan in grutte bút en kriichsfinzenen werom nei it noarden.

Redbad makke lykwols plannen om it Frankenryk foar in twadde kear yn te fallen en luts hjirfoar in grutte kriichsmacht byïnoar. Mar dêrta soe hy net mear de gelegenheid krije. Troffen troch in slimme sykte ferstoar Redbad yn de neisimmer of iere hjerst fan it jier 719. De primêre boarnen jouwe net oan wa't him opfolge. Nei alle gedachten wienen der problemen mei de opfolging, omdat de Frankyske tsjinstanner Karel Martel nei de dea fan Redbad ienfâldich it Fryske ryk ynfalle koe en de Friezen ûnderwerpe. De wjerstân dy't de sy beane wy tige swak dat Karel Martel him net beheinde ta it op 'e nij ynliivje fan citerior Frisia, dochs fuortendaliks trochstuts oer de Ryn en it Friezenryk oant en mei de Fly yn besit naam.

[bewurkje seksje] Myten

Net allinnich binne de feiten omtrint it libben fan Redbad net wis, der hat ek in in soad mytefoarming om syn persoan west. It fûnemint ûnder dy myten is it ferhaal dat Redbad net dea is, mar ûnder in berch te sliepen leit. Hokfoar berch feroaret lykwols mei it stee dêr't de myte ferteld wurdt. Sa soe Redbad yn Dútslân ûnder de Redbadsberch by Dunum sliepe, as yn in foarhistoarysk grêf ûnder de Plytenberch by Leer. Yn Nederlân sliept Redbad lykwols yn in grot yn it Reaklif.

[bewurkje seksje] Oar

Redbad hat syn namme yn de 20e ieu ek noch jûn oan de Fryske studinteferiening fan Utert. Dizze feriening bestiet lykwols net mear.

Yn in ferkiezing, dy't yn 2004 troch de studinteferiening Bernlef yn Grins holden waard, waard Kening Redbad mei 900 fan de 3500 stimmen keazen ta de ferneamdste Fries ea.

[bewurkje seksje] Fuotnoat

  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 85.

[bewurkje seksje] Boarne en literatuerferwizing

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com