Web Analytics

https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Ptolemaeus - Wikipedy

Ptolemaeus

Ut Wikipedy

Klaudius Ptolemaeus werjûn op in midsieuske tekening.
Klaudius Ptolemaeus werjûn op in midsieuske tekening.

Klaudius Ptolemaeus (Gryks: Klaudios Ptolemaios; yn it Nederlânsk ek wol stavere Ptolemeüs) (87 - 150 n.Kr.) wie in Grykske astrolooch, astronoom, geograaf, wiskundige en muzykteoretikus dy't libbe te Aleksandrië.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Astrology

Ptolemaeus skreau in wiidweidige gearfetting oer de astrology yn syn tiid: de TetraBiblos (De fjouwer boeken). Yn de Tetrabiblos wurdt wiidweidich yngien op it tsjutten fan horoskopen. Dêrnjonken wurde oanwizings jûn foar berekkeningen. In part fan syn boek giet oer spesifike situaasjes, bygelyks astrologyske stannen dy't wichtich wêze soenen by bûtenlânske reizen.
Ptolemaeus hat in útsûnderlik grutte ynfloed hân op de astrology. In protte fan syn techniken binne noch hieltyd yn gebrûk by astrologen.
Krityk hat der foaral west op de ferbannen dy't Ptolemaeus leit tusken de betsjutting fan diereriemtekens en jiertiden. De korrelaasje tusken bygelyks it teken Raam en de maaitiid jildt útsoarte allinnich foar in part fan it noardlik healrûn en kin dus net universeel jildich wêze. Dochs bout Ptolemaeus op dit soart fergelikings in protte fan syn teoryën. Wêrby fuortendaliks sein wurde moat dat Ptolemaeus wierskynlik gjin of net folle kennis hie fan it súdlik healrûn en de relaasjes fan de stjerrebylden dêrfan.

[bewurkje seksje] Astronomy

Ptolemaeus hie in geosintrysk wrâldbyld fan it sinnestelsel. Syn opfettings oer astronomy binne bekend as it "Stelsel fan Ptolemaeus" en hawwe mear as 1400 jier, oant fier nei de Midsieuwen, de astronomy yn West-Jeropa en Araabje behearske. Pas folle letter soe it troch Copernicus wjerlein wurde. De reden dat it wrâldbyld fan Ptolemaeus salang stân hâlde, hie te krijen mei de opfettings fan de Tsjerke. Neffens de Bibel is de ierde it mulpunt fan it hielal, in byld dat oerien kaam mei dat fan Ptolemaeus. It wie yn dy tiid ferbean om hjir krityk op te hawwen.

Ptolemaeus hat de episykel-theory fan Hipparchus ferfolmakke. Want mei it stjerremodel fan Aristoteles koe nammentlik net ferklearre wurden wêrom de planeten harren soms snel en harren soms stadich bewege, of soms sels oan de himel (skine te) bewegen. Om dizze bewegingen mei help fan de episykel-teory ferklearje te kinnen brûkte Ptolemaeus hûnderten episikels (helpsirkels), mar sels no noch soe de Ierde net krekt yn'e midden stean. Dit model lei Ptolemaeus fêst yn syn trettjin manuskripten 'Hè mathèmatikè syntaxis' ('De wiskundige ferhanneling'). De wurken fan Ptolomaeus oer astronomy binne oerlevere yn it Arabysk, dat troch de Arabyske astronomen 'Kitab al-Madjisti' neamd waard, wat 'It grutste boek' betsjut. Dit waard letter ferbastere ta Almagest (it tige grutte). De Almagest omklammet ek in stjerrekatalogus en in list fan 48 stjerrebylden, dy't troch Hipparchus skreaun binne.

Kaart fan de wrâld út 1482, basearre op Ptolemaeus
Kaart fan de wrâld út 1482, basearre op Ptolemaeus

[bewurkje seksje] Geografy

Ptolemaeus is nei alle gedachten noch folle bekender wurden troch syn "Kosmografia" of "Geografia", in gids foar it meitsjen fan kaarten ynklusyf in list fan de geografyske lingte en breedte fan sa'n 350 plakken. Der wurdt sein dat oan de hân fan dit wurk in rige kaarten tekene wurde koe fan de hiele doe bekende wrâld. Yn de Renêssânse bestie in protte belangstelling foar de "Geografia": foar 1600 waarden der 31 Latynske of Italjaanske edysjes printe. Dizze útjeften foarmen de earste atlassen.

Ptolemaeus samle syn gegevens yn de earste helte fan de 2e ieu. De bewenners fan de lege lannen te noarden fan de grutte rivieren, neamde hy de Phrisii (de Friezen).

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com