Saûdi-Araabje
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Saûdy-Araabje is in lân yn it Midden-Easten. De haadstêd is Riyad en de kening fân de monargy is sûnt 2005 Abdoellah bin Abdoel Aziz al-Saoed.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De Saûdyske steat begân likernôch yn 1744. In regionaal lieder, Muhammad bin Saud, sette útein mei in alliânsje mei in Islamitysk reformist, Muhammad Abd Al-Wahhab, om sa ta in nije politike ienheid te kommen. Oer de neikommende hûndert en fiiftich jier wie der in waakst fan wolfeart en macht by de Saûdyske sibbe en de Wahabiten, doe't hja it Ottomaanske ryk en Egypte en oare Arabyske sibben (lykas de Hasjemiten en de Rasjidi's) bekampten om sa de macht oer it skiereilân te krije. De Saûdyske steat waard stifte troch Kening Abdul Aziz Al-Saud (ynternasjonaal ferneamd as Abdul Aziz bin Saud).
Yn 1902, feroerde Abdul Aziz Ibn Saud Riyadh. de haadstêd fan it Al-Saud dynasty, fan de rivalistyske Al-Rashid sibbe. Hy feroerde ek Al-Hasa, de rest fan de Nadjd en de Hidjaztusken 1913 en 1926. Yn 1932 waard dizze foarhinne partsjene gebieten troch al Saoed ferienige yn it Keninkryk fan Saûdi-Araabje, wêr Abdoel Aziz al Saoed de earste kening fan wie.
It foar it ljocht kommen fan oalje yn maart 1938 transformearree it lân ekonoamysk, hokker mooglikheden biet ta grutte ekonoamyske waakst.
[bewurkje seksje] Geografy
Saûdy-Araabje wurdt begrinzge troch:
- Jordaanje en Irak yn it noarden;
- Koeweit yn it noardeasten;
- de Persyske Golf, De Barein en Katar yn it easten;
- de Feriene Arabyske Emiraten yn it súdeasten;
- Oman en Jemen yn it suden;
- de Reade See en Egypte yn it westen.
[bewurkje seksje] Klimaat
Ekstreem hiet is karakteristyk foar it grutste part fan Saûdi-Araabje. It is ien fan de plakken op ierder wêr temperatoeren yn de simmer boppe de 50°C (120°F) normaal binne, wylst yn de winter froast en snie yn it hegere berchlân falle kinne, dochs bart dit net jierliks. De gemiddelde temperatoer yn de winter is 8° to 20°C (47° to 68°F) yn jannewaris, mar yn oare stêden lykas Riyadh en Jeddah binne de temperatoeren 19° to 29°C (66° to 83°F) lykwols heech. De gemiddelde simmer temperatoeren yn july sitte tusken de 27° to 43°C (81° to 109°F), yn Riyadh en Jeddah is dan 27° to 38°C (80° to 100°F). Om nachttiid kin it aardich kâld wurde yn de woestyn, sels yn de simmer, as it sân yn de moarntiid wêr sinneljocht krijt rinne de temperatoeren rap omheech.
Jierliks is falt der net safolle rein (likernôch 100 milymeter yn de measte regioanen), lykwols kin koarte hurde reinfal foar oerstreamend lân soargje. Dochs kinne planten oerlibje yn Saûdi-Araabje, foar it grutste part wol yn de berchen fan it súd-easten en yn de legere parten fan it lân. Hja waakse fan maart oantemei maaie.
[bewurkje seksje] Demografy
Sûnt it begjin fan de 20e ieu is de befolking waakst fan mei in faktor fiiftsien, fan 1,5 miljoen ynwenners nei mear as 22 miljoen.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Saûdi-Araabje ynformaasje boarne fan it Saûdyske Ministearje foar Kultuur en Ynformaasje
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Saudi Arabia en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |