See-earn
Ut Wikipedy
See-earn | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Haliaeetus albicilla |
De See-earn (Haliaeetus albicilla) is in grutte rôffûgel út de famylje fan de Haukeftigen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De See-earn is ien fan de grutste rôffûgels yn Jeropa. De See-earn falt ek op troch syn giele snaffel dy't yn ferhâlding mei oare rôffûgels hiel grut is. De fearren fan de See-earn binne foar it grutste part brún. Op de kop, rêch en boarst binne de fearren wat ljochter. De folwoeksen See-earn hat in koarte wite sturt.
In jonge See-earn is folle donkerder. De fearren binne donkerder, de sturt is ek noch brún ynstee fan wyt en ek de snaffel is noch donker.
In See-earn is tusken de 74 en 92 sm. grut en de wjukspanwiidte leit tusken de 193 en 244 sm. De wyfkes binne mei in gewicht tusken de 3,7 en 6,9 kilogram wat swierder as de mantsjes dy't tusken de 3,1 oant 5,4 kilogram wage.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De See-earn komt foar yn gebieten mei in protte wetter, fan Grienlân, oer hiel Jeraazje oant de Kust fan de Stille Oseaan.
Yn West-Jeropa wie de soarte troch it jachtsjen fan de minsken en troch fergiftigjen mei it lânbougif DDT hast hielendal ferdwûn. Mar sûnt it midden fan de jierren '80 wreidet de fûgel syn gebiet yn grutte parten fan Jeropa wer út.
Yn Nederlân is de See-earn ek geregeld te sjen. Foaral yn de Oostvaardersplassen yn Flevolân. Dêr briedt sûnt 2006 in pearke See-earnen. Ek yn oare natoergebieten bygelyks de Lauwersmar is út en troch in See-earn te bewûnderjen.
[bewurkje seksje] Iten
De See-earn yt it meast Fisk, wetterfûgels en Aas. De fisken wurde it meast sels fong troch de earnen, mar se ite ek wol deade as heal fergiene fisken. Fan de wetterfûgels binne de Eiders en de Seachbekken populêr as proai.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
See-earnen bouwe grutte nêsten, faak yn âlde beammen. De nêstkûle wurdt mei gers en mos oanklaaid. In nije nêst hat in trochsnee fan 1,2 oant 1,5 meter in is sa'n heale meter heech. Alde nêsten kinne wol in trochsnee fan 2 meter hawwe en wol 3 oant 5 meter heech wurde. Oan de kusten wêr't net in protte beammen binne briede de earnen ek wol op de rotswanden as op de grûn.
It wyfke begjint yn Jeropa meast tusken mids febrewaris en mids maart te brieden. Sy leit dan ien oant trije wite aaien dy't yn likernôch 38 dagen útbret wurde. It duorret sa'n 80 oant 90 dagen foar de jongen fleane kinne.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Category:Haliaeetus_albicilla en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |