Sint-Werenfridustsjerke
Ut Wikipedy
De Sint-Werenfridustsjerke yn Warkum is in roomsk-katolike pseudo-basilikale krústsjerke út 1877.
De neogotyske tsjerke, dy't in âlder bouwurk ferfong, waard boud nei ûntwerp fan arsjitekt Alfred Tepe, dy't fjouwer tsjerken yn Fryslân boude. It tsjerkeoargel út 1884 waard troch Adema út Amsterdam boud. De toer is 65 meter heech.
It tsjerke is sûnt 1976 ryksmonumint en waard tusken 1989-2003 restaurearre. It oargel waard yn 2004 restaurearre. It tsjerke krige, trochdat it as kanjermonumint(in ryksmonumintdat in restauraasje-efterstân hat en ekstra jild krijt) oanmerkt wie , in bedrach fan 2,7 miljoen gûne.
Yn it tsjerke sitte brânskildere ramen, byldhouwurken en krúsweistaasjes. It heechalter en de sydalters komme út it atelier fan byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg.
Yn de eardere pastorije fan it tsjerke sit in museum mei in kolleksje roomkske gebrûksfoarwerpen en in oantal skilderijen fan pastoar Janning silger.