Spikereach
Ut Wikipedy
Spikereach is in Eastfrysk waadeilân. It eilân is 18,25 km² grut en hat 726 ynwenners, dy't foaral fan it toerisme libje. Der is ien doarp dy't ek Spikereach hiet. Bestjoerlik sjoen heart it ta de dielsteat Nedersaksen en it goa Wittmund.
Spikereach is it seisde fan de sân Eastfryske waadeilannen dy't bewenne binne en dat ynleit tusken de eilannen Langeoog yn it westen en Wangereach yn it easten. De eilannen wurde troch de seegatten Otzumer Balje en Harle fan inoar skieden. De lytste ôfstan nei de fêstewâl is 5,7 km.
Op it eilân meie gjin auto's ride, it is mei de fearboat te berikken fanút Neuharlingersiel op de East-Fryske fêste wâl.
Spikereach hat relatyf besjoen in protte beammen en wurdt dêrom ek wol die Grüne Insel neamd. De eastlike helte fan it eilân wurdt in beslach nommen troch de Ostplate, dêr't in soad bedrige fûgelsoarten foarkomme.
De Inselkirche fan Spikereach komt út 1696 en is de âldste tsjerke op de East-Fryske Waadeilannen.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
|
---|
Fryske waadeilannen: |