Tikesleat
Ut Wikipedy
De Tikesleat is in sleat yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De sleat rint besuden de ierdgaslokaasje oan de Sumarderwei nei it suden yn de rjochting fan De Tike. Foar De Leien splitst de sleat him yn in part dat súdlik yn de mar útrint, de westlike stream rint noch in kilometer nei it súdwesten en komt dan yn de Leien út.
De namme Tikesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tikevaart.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |