Toppenhuzen
Ut Wikipedy
Toppenhuzen (Oppenhuizen) is in doarp yn de gemeente Wymbritseradiel, krekt súdeast fan Snits, njonken it yndustryterrein Houkesloot II. Toppenhuzen hat likernôch 1.135 ynwenners (2006), mei Twellingea der by 1602.
It wurdt yn de earste helte fan de 14e ieu Opmanhusen neamd en pas yn de 15e ieu Uytwellinga ( Wtwallinghergae).
It doarp, dat by It Ges lâns boud is, foarmet tegearre mei Twellingea it twillingdoarp Top en Twel. It Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. Foar de boeren wie dit wetter fan belang om harren healannen te berikken. De Broersleat jout ferbining mei de Wite Brekken. Oer de dyk hat it ferbining mei Snits en mei De Jouwer.
Op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaardawei stiet yn Toppenhuzen it keunstwurk De Trije Bruorren, yn 1996 makke troch Hennie de Boer, yn opdracht fan de Kulturele Rie Wymbritseradiel. It byldet it reuzeteltsje De Trije Bruorren út.
Oant 1986 stie efter it fabryk fan Lankhorst in spinnekopmole.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Der is in feriening foar Doarpsbelang Top-en-Twel. Yn de buorren fan it doarp stiet It Harspit, it is skoalle en sporthal yn ien. Der binne ek geregeld toanielfoarstellings of sportwedstriden. Der is noch in supermerk, in bakker en in slachter. Boppedat is der noch in ridende griente en tsiisboer.
Toppenhuizen hat ferskate jeugdgroepen dy't gearkomme yn saneamde keten of dophokken. Se steane û.o. oan de Afkelânsdyk en de Grutte Súdein.
Der komme wol fjouwer bands út top-en-Twel: Bleach, Geradbraakt, Knoprot en Related Stuff
[bewurkje seksje] Ferienings
- Animato - folksdûnsjen
- Ferdivedaasje - toaniel
- Ardito en Euphonia - korpsen
- Top & Twel
- Fluchheid en Krêft - gymnastyk
- Top '63 - fuotbal
- Top en Twel - folleybal
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Afkelânsdyk, Bonningastrjitte, Broerstrjitte, De Bou, Douwestrjitte, Eastwei, Ferbiningswei, H Mensonidesstrjitte, H S Reinardastrjitte, Jarichstrjitte, Kappenburch, Leiepoel, Merkelstrjitte, Noardein, P Walmastrjitte, Sjaardawei, Tsjerkebuorren, Wolframstrjitte, Zeino van Burmaniastrjitte.