Warsjau
Ut Wikipedy
Warsjau (Yn it Poalsk: Warszawa) is de haadstêd fan Poalen. Der wenje likernôch 2 miljoen minsken. Ynwenners fan Warsjau wurde "Varsovians" neamd.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Warsjau leit yn it midden fan Poalen oan beide siden fan de Vistula rivier, en likernôch 350 km fan de Baltyske see. It leit likernôch 100 m boppe seenivo.
Warsjau hat fjouwer universiteiten en 62 hegeskoallen, en in protte teater en keunst gallerijen.
[bewurkje seksje] Skiednis
De iere ynwenners kamen der yn de 13e ieu yn it gebiet te wenjen. Yn de 15e ieu hie Warsjau genôch ynwenners om stêd neamd te wurden. It krige de status 'haadstêd fan Poalen' yn 1596.
De stêd wie yn it ferline ferskate kearen ferneatige, en eltse kear op 'e nij boud. De meast wichtige opbou wie nei de twadde wrâldkriich. Poalen hat beset west troch Dútslân tusken 1939 en 1944. Op 1 augustus 1944 begjinne de ynwenners fan Warsjau te fjochtsje foar harren stêd. It duorre 63 dagen, mar úteinliks wienen de ynwenners fan Warsjau ferslein, en der wie hast neat oer fan de âlde stêd. Nei de kriich, sette de Varsovians út ein mei de opbou fan de stêd mei help fan âlde fotos en tekeningen. De oare parten fan de stêd, wêr 90% fan ferneatige is is nea opboud, dêr wie in nij stêdsplan foar "in nije begjin". Eigners fan gebouwen fjochtsje noch hieltyd foar har eigendommen meinaam troch de kommunisten.