Wikel (Gaasterlân-Sleat)
Ut Wikipedy
|
Wikel is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, súd fan de Sleattemer Mar. It doarp hat likernôch 3 ynwenners (2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
Yn de buorren stiet de Fêste Burchttsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e ieu. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prealgrêf fan baron Menno fan Koehoarn ( 1641-1702 ) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno's syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit oan it Menno van Coehoornbosk. Yn dit bosk ,ek wol it Du Toursbosk neamd, stie fan ûngefear 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Hjir steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.
[bewurkje seksje] Mienskip
Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Pleatslik Belang har gearkomsten. Basisskoalle De Reinbôge is de skoalle fan it doarp en It Kiedelstientsje it pjutteboartersplak. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Bargebeck - biljerten
- Melodia - muzyk
- Oan Set - damjen en skaken
- DTG - kuorbal
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn 2005 is der in boek oer de skiednis fan Wikel ferskynd.
- Bekende ynwenster is hurdrydster Marrit Leenstra
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
[bewurkje seksje] Strjitten
De Finkebuorren, Dokter Hattinkstrjitte, Du Toursstrjitte, Festing, Gaastfjurwei, Heerenhoogwei, Iwert, J Hornstrawei, Jachtlustwei, Lijnbaan, Lunenburchpaad, Menno fan Koehoarnwei, Meerenstein, Munnikeleane, Sânmar, Vogelzangwei.